Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download dan it oanfraachformulier Subsydzje Byldzjende keunst en foarmjouwing en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat binne de betingsten?

  • Jo kinne per oanfraach maksimaal € 5.500 subsydzje oanfreegje. De subsydzje kin maksimaal 50% fan de kosten bedrage dy’t makke wurde foar de organisaasje fan de aktiviteit.
  • Subsydzje foar in aktiviteit yn it bûtenlân is allinnich mooglik as dat meihelpt oan de bekendheid en ûntwikkeling fan de lokale profesjonele keunstner.

Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?

  • In aktiviteiteplan. Beskriuw de oanlieding, doelstelling en motivearring fan de aktiviteit.
  • De oanfragen wurde beoardiele troch de Advysgroep Kultuer oan de hân fan in skoarelist. Dat is de prioriteitelist yn de Regeling Subsydzje byldzjende keunst en foarmjouwing 2023. Besteegje yn jo plan ek oandacht oan de punten út dizze list.
  • Ofbyldingen, CV’s en ynformaasje fan de keunstners.
  • De begrutting.

Wannear moatte jo oanfraach en bylagen by ús binnen wêze?

It jier is ferdield yn 4 perioades. Jo kinne jo oanfraach net oanfolje as de eindatum al west hat.

Perioade 1: 1 jannewaris oant en mei 31 maart

Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 oktober foarôfgeand oan perioade 1 by ús binnen wêze.

Perioade 2: 1 april oant en mei 30 juny

Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 jannewaris foarôfgeand oan perioade 2 by ús binnen wêze.

Perioade 3: 1 july oant en mei 30 septimber

Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 april foarôfgeand oan perioade 3 by ús binnen wêze.

Perioade 4: 1 oktober oant en mei 31 desimber

Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 july foarôfgeand oan perioade 4 by ús binnen wêze.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Regeling Subsydzje byldzjende keunst en foarmjouwing 2023.
  • Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert 2018.