Subsydzje aktiviteiten buert-, wyk- en doarpshuzen
Jo kinne gjin subsydzje foar Aktiviteiten buert-, wyk- en doarpshuzen mear oanfreegje foar dit jier. Fan 10 augustus ôf kinne jo subsydzje foar 2027 oanfreegje.
Wat jo witte moatte
Yn it gefal dat it foar de beoardieling fan de oanfraach nedich is, kinne wy freegje om oanfoljende gegevens oer te lizzen.
Wêr kinne jo de subsydzje foar brûke
De aktiviteiten dêr’t subsydzjue foar oanfrege wurdt moatte te meitsjen hawwe mei:
- Dat minsken mear meidwaan kinne, dat buorlju en bewenners inoar better kennen leare en dat der gjin efterstannen komme.
- It rjochtsjen op bewenners út de eigen buert en moatte oanslute by wat dizze bewenners wolle en nedich hawwe.
Hokker bylagen taheakje by jo oanfraach
- In bewiis fan in jildich IBAN-nûmer.
- In begrutting dêr’t alle kosten en ynkomsten mei-inoar yn lykwicht binne.
- It nijste oersjoch fan wat der fertsjinne en útjûn is. Dit wurdt ek wol in balâns en eksploitaasje-oersjoch neamd.
Subsydzjebedrach
It maksimale subsydzjebedrach dat jo krije kinne ferskilt per buert-, wyk- of doarpshûs en stiet neamd yn ‘Taheakke C. Oersjoch subsydzjes oan ynstellingen’ fan de gemeentlike Begrutting sa’t dy jierliks troch de gemeenteried fêststeld wurdt. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Bestjoerlike Ynformaasje (iepenet yn in nij ljepblêd).
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende beliedsnota fine jo op de webside Bestjoerlike ynformaasje (iepenet yn in nij ljepblêd):
- Begrutting gemeente Ljouwert 2025.
- Taheakke C. Oersjoch subsydzjes oan ynstellingen.
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):
- Beliedsregel Subsidiearring aktiviteiten buert-, wyk- en doarpshuzen.
- Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2025.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: