Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it oanfraachformulier Ynnovaasjefûns Sirkulêre en Enerzjytransysje 2023-2024 en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe wurket it?

  • Nim foardat jo in oanfraach yntsjinje, kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy planne in petear mei jo yn.
  • Neist it oanfraachformulier stjoere jo in útwurke projektplan mei. Stjoer de formulieren op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs. Oanfragen kinne oant en mei desimber 2024 yntsjinne wurde en wurde yn behanneling nommen op folchoarder fan ynkommen.

Foar wa is de regeling?

Foar ûndernimmers en kenninsynstellings dy’t in ynnovatyf produkt of proses ûntwikkelje op it mêd fan sirkulêre ekonomy en duorsume enerzjy.

Foar hokker doel kinne jo de regeling brûke?

De regeling is rjochte op ynnovative projekten op it mêd fan sirkulêre ekonomy en duorsume enerzjy. Tink hjirby bygelyks oan ynnovaasjes foar de opslach fan duorsum opwekte enerzjy of in ynnovatyf proses binnen de sirkulêre keten. Dêrneist mei it projekt him rjochtsje op de eksperimintele ûntwikkeling fan in nij produkt, in nije tsjinst of in nij prosedee of it oanmerklik fernijen fan in besteand produkt, in besteande tsjinst of in besteand prosedee.

Wat binne de betingsten?

  • Jo moatte op it stuit fan de oanfraach uterlik binnen 6 moannen nei de oanfraach fêstige wêze yn de gemeente Ljouwert.
  • It projekt moat útfierd wurde troch in gearwurkingsferbân fan minimaal twa partijen.
  • Foardat jo in oanfraach dogge, moatte jo yn petear west hawwe mei de gemeente Ljouwert.
  • It projekt wurdt yn de gemeente Ljouwert útfierd.
  • It projekt moat binnen ien jier neidat jo de subsydzje ûntfongen hawwe útfierd wurde.

Subsydzjebedrach

  • Maksimaal 40% fan de totale subsidiabele kosten fan in projekt wurde as subsydzje ferliend.
  • De minimale subsidiabele kosten moatte op syn minst € 12.500 bedrage.
  • Der wurdt maksimaal € 25.000 per oanfraach oan subsydzje jûn.
  • De regeling kin útkeard wurde as in ienmalige bydrage yn de kosten.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2018 (ASVL)