Fluch oan:

Doelen

De wichtichste doelen binne dat alle ynwenners fan de gemeente Ljouwert sûn binne, in goede libbenskwaliteit ûnderfine en gelikense kânsen hawwe om sûn op te groeien, te libjen en âld te wurden.

Oanpak

De oanpak fan de gemeente draait om 4 saken:

  • Soargje dat elkenien deselde kânsen hat om sûn te libjen.
  • Soargje foar in sûne omjouwing.
  • De mentale sûnens ferbetterje.
  • Minsken helpe sûn âld te wurden.

De gemeente wol op ’e tiid yngripe en tefoaren komme dat minsken siik wurde. Wy wolle dit yn ’e mande mei ynwenners, profesjonals en oare organisaasjes dwaan. Dit hâldt yn dat elkenien in rol spilet en mei-inoar ferantwurdlikheid draacht foar it wolwêzen fan ’e ynwenners. Om te sjen oft de oanpak wurket, wolle wy yn petear gean mei ynwenners en profesjonals en ûndersyk dwaan, spesifyk op wyk- en doarpsnivo. Sa kinne wy begripe hokker ynwenners ekstra omtinken nedich hawwe.

Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s

De folgjende beliedsnota’s fine jo op de webside Bestjoerlike ynformaasje:

  • Sûnensnota Mei-inoar Sûn gemeente Ljouwert 2024 – 2028.
  • Sûnensnota Mei-inoar Sûn gemeente Ljouwert 2024 – 2028 (taheakkeboek).

De folgjende wet(ten) fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Wet publike sûnens.