Nijbouwyk Hikkemieden
Hikkemieden is de nijste wyk yn Wurdum, mei romte foar ûngefear 71 wenningen. De wyk kombinearret modern wenkomfort mei de natoer fan Fryslân. Hikkemieden leit oan ’e rân fan Wurdum, mei de rêst fan it plattelân en dochs ticht by doarpsfoarsjenningen.
Wenje yn Hikkemieden
Yn Hikkemieden stiet bûten libjen sintraal. Jo wenje hjir yn alle rêst, mei útsjoch op greiden en wetter, wylst de foarsjenningen fan it doarp ticht by binne. De earste faze fan de wyk is wilens ôfrûne. Yn faze 2 wurdt de wyk fierder útwreide mei nije wenningen dy’t goed passe by de besteande wyk en it karakter fan Wurdum.
Wolstânsrjochtlinen
De wolstânsrjochtlinen bepale hoe’t wenningen derút sjen moatte, hokker materialen en kleuren brûkt wurde meie en hoe’t jo skuttingen of oare hiemôfskiedingen delsette meie. It doel is in moaie wyk dy’t goed byinoar past, mei romte foar ferskillende stilen.
Planning
- Frije kavels
De 5 frije kavels yn faze 2 binne wilens ferkocht. De bou fan dizze wenningen set nei ferwachting yn 2026 útein. - 2-ûnder-1kapwenningen
De 4 kavels foar 2-ûnder-1-kapwenningen binne net los ferkocht. De gemeente siket no in ûntwikkelder dy’t de wenningen ûntwerpe, bouwe en ferkeapje sil. - Sosjale hierwenningen
WoonFriesland begjint yn it fjirde fearnsjier fan 2025 mei de bou fan 12 sosjale hierwenningen. - Betelbere keapwenningen
Neist frije kavels en sosjale hier komme der ek betelbere keapwenningen. Yn novimber 2025 folget hjiroer mear ynformaasje. - Folgjende faze: it eilân
Yn de folgjende faze wurdt it eilân yn Hikkemieden klearmakke foar bou. Der komme sleatten en diken. Op it eilân komme 7 frije kavels. De ferkeap begjint nei alle gedachten yn jannewaris 2026.
In plattegrûn fan de wyk jout in goed oersjoch fan de kavels en de planning.
Ynteresse en/of fragen
De ynskriuwing foar de kavels yn faze 2 is sletten. Hawwe jo ynteresse yn in wenning of in kavel yn Hikkemieden? Der folgje noch ferskate wenmooglikheden. Tink oan sosjale hierwenningen, betelbere keapwenningen, frije kavels op it eilân en 2-ûnder-1-kapwenningen dy’t troch in ûntwikkelder boud wurde. Sadree’t hjir mear oer bekend is, pleatse wy dat op dizze side.
Hawwe jo fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.