Fluch oan:

Wenningoanbod en beskikberheid

It plan befettet yn totaal 58 keapwenningen. It plan befettet betelbere wenningen mar ek djoerdere wenningen. Der is in oanbod fan frijsteande wenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen, rychjes- en hoekwenningen en rêch-oan-rêchwenningen. Ek is der rekkening holden mei libbensrinbestindige opsjes by dizze wenningen. It plan is wetterryk en in grut oantal fan de frijsteande wenningen en twa-ûnder-ien-kapwenningen leit oan farwetter. Alle wenningen yn it plan wurde ûntwikkele en ferkocht troch Harns Invest Ontwikkeling III B.V.. Gean foar mear ynformaasje nei de webside fan Harns Invest.

Bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan

Fan tongersdei 21 desimber 2023 oant en mei tongersdei 1 febrewaris 2024 lei it ûntwerpbestimmingsplan mei byldkwaliteitsplan op besjen. Op grûn fan de sjenswizen is it plan foar in diel oanpast. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat op 3 juny 2025 besletten om it oanpaste bestimmingsplan ta beslútfoarming foar te lizzen oan de gemeenteried.

Binne jo yntsjinner fan in sjenswize? Dan wurde jo útnûge om yn te sprekken by de ynformative gearkomste fan de gemeenteried. Foar oare ynteressearren: hâld de aginda fan de gemeenteried yn ’e gaten foar de mominten fan behanneling.

Planning

Fêststelling fan it bestimmingsplan sil nei ferwachting medio 2025 wêze. Berop stiet iepen tsjin it fêststelde bestimmingsplan. It plan wurdt bouryp makke nei’t it bestimmingsplan fêst stiet. Dêrnei wurde de wenningen ferkocht en boud.

Mear ynformaasje?

Fragen oer de beskikberheid fan wenningen?

Gean nei de webside fan Harns Invest Ontwikkeling B.V.

Ynrinbyienkomst

Op tiisdei 24 juny fan 19:30 oant 21:00 oere is der in ynrinbyienkomst organisearre troch Harns Invest Ontwikkeling B.V. By dit momint kinne jo noch ien kear ynformearre wurde oer it plan en kinne eventuele fragen beäntwurde wurde. Jo kinne frij ynrinne by De Fabriek Wergea, Fricowei 31. Der is gjin plenêr programma.

Fragen oan de gemeente Ljouwert?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.