Fluch oan:

Fragelist oer de Nijstêd

Foar’t wy de nije Nijstêd ûntwerpe, wolle wy witte wat jo belangryk fine. Om dêr achter te kommen, is der in fragelist opsteld. Wy fine it belangryk dat safolle mooglik bewenners, besikers en ûndernimmers de fragelist ynfulle. Ynfulle kin fan 2 oant en mei 30 april 2024.

Wurkgroep Nijstêd Fernijt

Wolle jo meitinke en meiprate oer de takomst fan de Nijstêd en de Piperstrjitte? Dan kinne jo jo yn ’e fragelist opjaan foar de Wurkgroep Nijstêd Fernijt. De wurkgroep bestiet út ûngefear 25 minsken.

De gemeente Ljouwert wol graach oan ’e slach mei ferskillende brûkers fan de Nijstêd en Piperstrjitte. Hjirby kinne jo tinke oan buertbewenners, ûndernimmers en besikers yn ferskillende leeftiden. As jo útkeazen binne foar de wurkgroep, krije jo fan de gemeente in útnûging foar de earste byienkomst fan de wurkgroep.

Foarriedige planning

De foarriedige planning is sa:

  • April: ynfullen fan fragelist.
  • Maaie/juny: seleksje fan in ûntwerpburo.
  • Foar en nei de simmerfakânsje: wurksesjes mei de Wurkgroep Nijstêd Fernijt.
  • Neijier: earste sketsûntwerp klear en (ynrin)byienkomsten.
  • Desimber: foarriedich ûntwerp klear.
  • Begjin 2025: kolleezje fan B&W stelt it foarriedich ûntwerp fêst en freget de gemeenteried der in beslút oer te nimmen.
  • Foarjier 2025: tarieding wurksumheden oan Nijstêd en Piperstrjitte.
  • Neijier 2025: ferwachte start wurksumheden.

De krekte planning en doer fan ’e wurksumheden besprekke wy mei bewenners en ûndernimmers sadree’t dy bekend is. Fansels wurdt hjir ek rekkening holden mei oare wurksumheden yn ’e binnenstêd. De Nijstêd moat altyd berikber bliuwe en wy probearje sa min mooglik foar oerlêst te soargjen.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe?

Skriuw jo dan yn foar de digitale nijsbrief. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo ûnder oare op ’e hichte fan de besprekkingen yn de gemeenteried en nûgje wy jo út foar gearkomsten.

Hawwe jo fragen?

Stjoer dan in e-mail nei binnenstad@leeuwarden.nl