Fluch oan:

Plan foar it Amelânskertier

It Amelânskertier hat in kwaliteitsympuls nedich. Mei in brede groep eigeners, ûndernimmers en bewenners ha wy plannen makke foar dit gebiet:

  • In oantreklik stedsk wenmiljeu.
  • In noflik leef- en belibbingsgebiet.
  • Mear omtinken foar kulturele kwaliteit en rekreative mooglikheden.
  • Oantrekliker rûtearring mei omtinken foar sosjale en ferkearsfeiligens.
  • Klimaatadaptaasje.

Ontwikkelkader Amelandskwartier

Underskate ideeën moatte soargje foar de kwaliteitsympuls. Inisjatyfnimmers wurde útdage om fierder te sjen as it eigen fertsjinmodel.

Troch in oantal tema’s moatte inisjatyfnimmers in bydrage leverje oan it Amelânskertier. De tema’s binne:

  • Ljouwert Haadstêd.
  • Sûne stêd.
  • Wenjen foar binnenstêdleafhawwers.
  • Enerzjyk & duorsum.

De gemeente makket ôfspraken mei elke inisjatyfnimmer oer hokker bydrage oft sy mei harren inisjatyf leverje. It Ontwikkelkader Amelandskwartier foarmet de basis foar de ôfspraken dy’t de gemeente mei inisjatyfnimmers makket.

Oanmelden inisjatyf

Ha jo in idee binnen dit gebiet? Stjoer in e-mail nei amelandskwartier@leeuwarden.nl. Yn it Untwikkelkader is foar elk dielgebiet in oantal hânfetten opnommen. Troch toetspunten kinne jo in earste scan útfiere om te sjen oft jo inisjatyf past by de ambysjes foar it Amelânskertier.

Fragelist Bonifatiusplein

Yn ’e petearen mei eigeners, ûndernimmers en bewenners út ’e buert waard sprutsen oer minder romte foar parkearen en mear romte foar grien. Der binne trije mooglikheden makke mei elk in eigen soart ynfolling foar in griener Bonifatiusplein. Dêroer giet de Fragelist Bonifatiusplein. Moai dat jo de fragelist ynfolje wolle! Wy hearre hiel graach wat jo winsken binne.