Sakepaspoart oanfreegje of ferlingje
Geane jo faak nei it bûtenlân? Dan is in sakepaspoart miskien wat foar jo. It hat mear siden as it gewoane paspoart: 66 yn stee fan 34. Sa hawwe jo mear romte foar dûanestimpels en fisa. In sakepaspoart freegje jo persoanlik oan by de gemeente. Jo moatte hjir in ôfspraak foar meitsje. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. Ungefear 6 wurkdagen nei de oanfraach kinne jo jo sakepaspoart ôfhelje. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo oanfraach foar in sakepaspoart binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. It hat dus gjin doel om ús te beljen foar in ôfspraak op in oar momint.
Wat nimme jo mei nei it Gemeentehûs?
- Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy’t jo hawwe. Ek as se ferrûn binne.
- In pasfoto dy’t foldocht oan de easken dy’t jo lêze yn it folgjende dokumint:
- Jild. Jo betelje it sakepaspoart kontant of mei jo pinpas.
- Freegje jo as âlder in sakepaspoart oan foar jo bern?
- Nim jo bern mei nei it Gemeentehûs. Ek by it opheljen moat jo bern wer mei.
BInne jo jo identiteitskaart kwyt of is er stellen?
Jou dit sa fluch mooglik digitaal troch oan de gemeente. Dit is nedich om misbrûk foar te kommen. Nei dizze melding ferklearje wy jo identiteitskaart ûnjildich. As jo it weromfine, kinne jo it dus net mear brûke. Jo moatte it dan ynleverje by de gemeente.
Wolle jo of kinne jo de fermissing net digitaal trochjaan?
Meitsje dan in ôfspraak by de gemeente. Jo folje in ferklearring fan fermissing yn oan de baalje fan it Gemeentehûs. Wy stelle jo identiteit fêst. Dêrnei freegje jo direkt jo nije dokumint oan. Jo hoege gjin oanjefte by de plysje mear te dwaan.
Reizgje mei jo bern
Bern moatte altyd in eigen paspoart of identiteitskaart by har hawwe as se nei it bûtenlân reizgje.
Guon lannen wolle in ferklearring dêr’t yn stiet dat de folwoeksene dy’t mei it bern mei reizget, echt de âlder of gesachhâlder is. Ynformearje hjirnei by de ambassade of it konsulaat fan it lân dêr’t jo hinne wolle. Ynformaasje oer kontrôle oan de Nederlânske grins fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.
Jonger as 18 jier?
Kom sels nei it Gemeentehûs. Jo freegje jo sakepaspoart persoanlik oan de baalje oan. Jo hawwe tastimming nedich fan elke persoan dy’t gesach oer jo hat. Meastal binne dit jo âlden. Om harren tastimming te regeljen en om jo sakepaspoart oan te freegjen, is it folgjende fan belang:
- Ien fan jo gesachhâlders komt mei jo mei nei it Gemeentehûs om jo paspoart oan te freegjen.
- Fan de oare gesachhâlder, dy’t net meikomt, nimme jo mei:
- it folgjende ynfolle en ûndertekene formulier:
- in kopy fan it legitimaasjebewiis
- Nim al jo identiteitsbewizen en paspoarten mei. Ek as se ferrûn binne.
- Nim in pasfoto mei dy’t foldocht oan de easken dy’t jo lêze yn it folgjende dokumint:
- Nim jild mei. Jo kinne kontant betelje of mei jo pinpas.
Hoe lang is in sakepaspoart jildich?
- In nij sakepaspoart foar folwoeksenen is 10 jier jildich.
- In nij sakepaspoart foar bern en jongerein ûnder de 18 jier is 5 jier jildich.
Sakepaspoart besoargje litte?
In oanfrege paspoart kinne jo thús of op jo wurk besoargje litte.
Fisum
Elk lân hat eigen regels foar bûtenlanners dy’t it lân besykje. Soms is in jildich Nederlânsk paspoart genôch. It is ek mooglik dat jo in fisum nedich hawwe.
Wolle jo witte oft jo in fisum nedich hawwe foar it lân dêr’t jo hinne wolle?
Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan De Ryksoerheid.
Wolle jo in fisum oanfreegje?
Dan kinne jo ûnder mear terjochte by de ANWB.
Kosten