Fluch oan:

Betelle parkearen.

Jo betelje parkearbelesting (parkearjild) wannear’t jo parkeare yn in sône dêr’t betelle parkearen jildt. Jo kinne op ferskate wizen betelje:

  • keapje in parkearkaartsje by in parkearautomaat;
  • ynstallearje in parkearapp en registrearje jo kenteken;
  • freegje in parkearfergunning oan.

Wat is in neiheffingsoanslach parkearbelesting

Jo krije in neiheffingsoanslach parkearbelesting as jo net (genôch) parkearbelesting betelje. It bedrach bestiet út 2 dielen:

  • in oere parkearjild. Dit bedrach hinget ôf fan it gebiet dêr’t jo parkearden;
  • administraasjekosten. De hichte dêrfan stiet yn de wet.

Op de oanslach stiet in nûmer. De earste 6 sifers fan it nûmer jouwe de datum oan wannear’t de boete útskreaun is.

Oankundiging ûntfange

Hawwe jo in oankundiging fan in neiheffingsoanslach parkearbelesting krigen? Wachsje dan op de neiheffingsoanslach dy’t jo oer de post krije. Dêrnei kinne jo beswier meitsje. Dat kin digitaal of oer de post.

Ferkeard parkeare

By ferkeard parkearen (bygelyks fout of gefaarlik parkearen) krije jo in boete fan it Centraal Justitieel Incassobureau (CJIB). Beteljen en beswier gean net fia de gemeente mar fia it CJIB.

 

Hoe betelje ik in neiheffing

Betelje de neiheffingsoanslach binnen 30 dagen nei de datum dy’t op de brief stiet.

Dat is de datum dêr’t wy de oanslach op ferstjoerd hawwe. Net de datum fan de parkearflater.

Meitsje it bedrach oer nei:

  • Bankrekkennûmer NL10BNGH0285100343.
  • Op namme fan: Gemeente Ljouwert.
  • Omskriuwing: oanslachnûmer en subjektnûmer.

Betelje jo út it bûtenlân wei?

Notearje it BIC-nûmer: BNGHNL2G. Hâld der rekken mei dat it langer duorje kin foardat it bedrach by ús is.

Betelje jo net op ’e tiid?

Dan moatte jo ynfoarderingskosten betelje en mooglik ek ynfoarderingsrinte. Dy rinte berekkenje wy fan de dei nei’t jo op syn lêst betelje moatten hiene ôf, oant de dei dat jo betelje.

Net iens mei de neiheffingsoanslach

It hat gjin doel om beswier te meitsjen tsjin in neiheffingsoanslach foar parkearen as:

  • de parkearautomaat net wurke, mar jo betellen ek net op in oare manier;
  • jo net wisten dat jo betelje moasten. Betelsônes wurde altyd mei buorden oanjûn;
  • jo parkearfergunning net jildt yn it gebiet dêr’t jo stiene;
  • jo koart parkearden en dêrom gjin parkearjild betelle hawwe.

Wolle jo dochs beswier meitsje tsjin jo parkearboete? Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.