Fluch oan:

Lade op eigen terrein?

As jo in eigen oprit hawwe, meie jo dêr in elektryske laadpeal pleatse. Nim sels kontakt op mei in garaazjebedriuw of ynstallaasjebedriuw.

Wenje jo yn in appartemint? Dan hawwe jo tastimming nedich fan de Feriening fan Eigeners (VvE). Wolle jo mear witte oer de mooglikheden? Gean nei de webside Feriening fan Eigeners.

Lade yn de iepenbiere romte

Besteande iepenbiere laadpeallen

Hawwe jo gjin mooglikheid om te parkearen op eigen terrein? Dan kinne jo jo auto oplade by iepenbiere laadpeallen. Yn de gemeente stean iepenbiere laadpeallen fan Total Energies, Allego en Park&Charge. Op de webside ChargeFinder fine jo in oersjoch fan alle laadpeallen. Elke oanbieder hat syn eigen tariven. As jo mei in laadpas betelje, kin it wêze dat jo it taryf fan de laadpasoanbieder betelje en net fan de laadpealoanbieder. Nim by fragen kontakt op mei jo laadpasoanbieder.

Oanfreegjen iepenbiere laadpeal

Op dit stuit kinne jo gjin nije iepenbiere laadpeal oanfreegje. De gemeente wurket oan in nije gearawurking yn de regio. Letter dit jier komt der mear ynformaasje.

Hawwe jo al in oanfraach dien foar in iepenbiere laadpeal? Op de webside laadpaalnodig fine jo de status fan jo oanfraach. Ful it projektnûmer, de postkoade of it adres yn.

Kabel oer de stoepe

Jo meie sels gjin elektryske laadpeal pleatse yn de iepenbiere romte. Ek in kabel oer de stoepe lizze mei net. Dat soarget foar ûnfeilige situaasjes.

De gemeente ûndersiket dit jier oft kabelgoattetegels tastien wurde, sa’t dat yn oare gemeenten al bart. As dit tastien wurdt, hawwe jo altyd skriftlike tastimming fan de gemeente nedich. Jo meie net sels in oplossing betinke of oanlizze.

Fragen en antwurden

Mei ik in laadkabel oer de stoepe lizze?

Nee, dat mei net yn de gemeente Ljouwert. Laadkabels meie net oer stoepen of fytspaden lizze. Dan kin gefaarlike situaasjes opleverje.

Hoe lang mei ik op in iepenbier laadplak stean?

Jo mei dêr stean salang’t jo auto oan it laden is. As de akku fol is, moatte jo it parkearplan frijmeitsje.

Der stiet in iepenbiere laadpeal yn steuring, wat kin ik dwaan?

Nim kontakt op mei de eigener fan de laadpeal. Jo fine in telefoannûmer op de laadpeal of op har webside. Dat nûmer is 24/7 berikber. De laadpealoanbieder is ferantwurdlik foar de reparaasje fan de laadpeal. De gemeente kin dêr net by helpe.

Hoe kom ik tefoaren dat oaren te lang op it laadplan stean?

Sommige oanbieders rekkenje in heger bedrach foar brûkers dy’t te lang op in laadplak stean bliuwe sûnder te laden. De gemeente ûndersiket ekstra maatregels om lang parkearjen sûnder te laden foar te kommen. Wy moedigje bewenners oan om mei-inoar ôfspraken te meitsjen om it plak earlik te brûken.

Der stiet hieltyd in brânstofauto op it laadfek. Wat kin ik dwaan?

Nim kontakt op mei de gemeente en freegje om hanthavening.

Ik bied dielauto’s oan en wol in elektryske dielauto fêst by in laadpeal stean litte.

Nim kontakt op mei de gemeente. Mei-inoar sjogge wy nei de mooglikheden.

Hoe betelje ik by in iepenbiere laadpeal?

By in iepenbiere laadpeal betelje jo troch jo laadpas foar de lêzer (RFID-reader) te hâlden. De laadsesje start dan automatysk/ By guon laadpeallen kinne jo ek betelje fia in QR-koade. Dan hawwe jo gjin laadpas nedich.

Sitte de parkearkosten by it laden yn?

Nee, parkearkosten betelje jo apart. Stiet de laadpeal yn in betelle parkeargebiet? Dan moatte jo ek parkearjild betelje, krekt as by in brânstofauto.

Hoefolle moat ik betelje om te laden?

Betelje jo mei in laadpas? Dan jildt it taryf fan jo laadpasoanbieder. Nim kontakt op mei jo laadpasoanbieder foar ynformaasje oer dy tariven.
Betelje jo rjochtstreeks by de laadpeal? Dan jildt it taryf fan de laadpealoanbieder. Nim kontakt op mei de laadpealoanbieder foar ynformaasje oer dy tariven.

Kin ik eigen opwekke stroom brûke om elektryske dielauto’s en auto’s fan bewenners yn ’e buert op te laden?

Ja, dat kin foar ferienings en koöperaasjes. De gemeente stiet iepen foar in petear oer de mooglikheden.

Mear fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s

De folgjende beliedsnota’s fine jo op de webside Bestjoerlike ynformaasje:

  • Beliedsútwurking duorsume Mobiliteit, ûnderdiel elektryske laadynfrastruktuer.
  • Beliedsregels iepenbiere laadynfrastruktuer.