Fluch oan:

Oanbieders

Yn Ljouwert binne op dit stuit:

  • Ungefear 175 dielscooters fan Check.
  • Ungefear 15 dielauto’s fan Greenwheels en MyWheels.

Regels en betingsten dielfoertugen

Om dielmobiliteit goed ferrinne te litten, jilde der betingsten foar de oanbieders en regels foar gebrûkers:

  • In brûker dy’t 3 kear fout parkearret, kin gjin gebrûk mear meitsje fan de tsjinst.
  • Oanbieders moatte har hâlde oan in maksimaal oantal foertugen.
  • De foertugen binne útstjitfrij.

Proef mei dielmobiliteitshubs

Fan april 2026 ôf dogge wy in proef mei dielmobiliteitshubs. Dit binne sammelplakken foar dielfoertugen. De ôfrûne jierren krige de gemeente klachten oer ferkeard parkearre dielfoertugen. Soms stiene se yn it paad, soms soargen se foar in rommelich byld. Mei de hub stean de foertugen kreas by elkoar en bliuwe stoepen frij foar fuotgongers. Yn it dokumint Faakstelde fragen en antwurden oer de dielmobiliteitshubs fine jo mear ynformaasje.

Lokaasjes

De hubs komme yn Bilgaard (iepenet yn in nij ljepblêd) en de binnenstêd (iepenet yn in nij ljepblêd) op plakken dêr’t al in soad dielfoertugen stean en dêr’t genôch romte is op de stoepe. De scooters komme net lyk foar ruten fan wenningen te stean. De lokaasjes dêr’t de dielfoertugen parkearre wurde, binne te werkennen oan in markearring en in boerd. Bûten dizze markearring kinne de foertugen net parkearre wurde.

Bilgaard

  • Ymedaam
  • De Gealannen
  • De Headollen
  • Brandemar
  • De Anjen
  • Wollegaastdaam

Binnenstêd

  • Sudersingel
  • Súderplein
  • Nijewei
  • Westerplantaazje
  • Drúfstreek
  • Aldehoustertsjerkhôf

Hubs yn oare stêden

Oare stêden, lykas Grins, Rotterdam en Enschede wurkje al mei dielmobiliteitshubs. De ûnderfiningen binne goed. It soarget foar in minder rommelich byld op strjitte en minder hinder.

Dielauto’s

Yn de stêd binne ûngefear 15 dielauto’s. Dy binne fan Greenwheels of MyWheels. Om Ljouwert hinne wurket Freonen fan Fossylfrij Fryslân oan plannen om ek yn de doarpen dielauto’s te pleatsen. Mear ynformaasje fine jo op de website fan buertbestjoerders (iepenet yn in nij ljepblêd).

Oerlêst melde

Underfine jo oerlêst fan dielfoertugen? Meld dit dan rjochtstreeks by de oanbieder:

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.