Fluch oan:

Iepensteande fakatueres

Op de website Wurkje by Ljouwert fine jo fakatueres dêr’t jo op sollisitearje kinne. Stiet der no gjin fakatuere foar jo tusken? Biuw op ’e hichte fan de nijste fakatueres troch jo oan te melden foar in Job Alert.

Tydlike fakatueres

Foar tydlike fakatueres en opdrachten wurket de gemeente Ljouwert mei in Ynhierdesk. De Ynhierdesk regelet alles foar it personiel dat ynhierd wurdt. Bygelyks as it giet oer útstjoeren, payrolling, detasjearring of zzp’ers.

Wolle jo as detasjearder of zzp’er kontakt? Mear ynformaasje fine jo op de website fan de Ynhierdesk.

Staazjeplak, ôfstudearopdracht of wurkûnderfiningsplak

Meastal hawwe de ôfdieling dêr’t jo staazjerinne wolle (fakôfdieling) en de skoalle streekrjocht kontakt mei-inoar. De fakôfdieling fertelt de skoalle of oplieding krekt hokker mooglikheden der binne en wat de gemeente siket. Ynformearje dêrom earst op jo skoalle of oplieding.

Kiest in fakôfdieling foar in fakatuere, los fan de kontakten mei de skoalle? Dan wurdt dit staazjeplak, dizze ôfstudearopdracht of dit wurkûnderfiningsplak pleatst op de website WerkenInFriesland.

Mear fakatueres by oerheidsorganisaasjes yn Fryslân

Dy fine jo op de website Werken in Friesland. Jo fine dêr ek ynformaasje oer bygelyks:

  • Opliedingen
  • Treningen
  • Projekten
  • Mediation
  • Karriêre-advys