In útwei brûke of feroarje
As jo in útrit oanlizze of feroarje wolle oan in gemeentlike wei, moatte jo in omjouwingsfergunning oanfreegje. Dat is noadich om derfoar te soargjen dat de situaasje feilich bliuwt en gjin problemen jout foar oare weigebrûkers. Giet it om in provinsjale dyk? Dan freegje jo de fergunning oan by de provinsje.
Omjouwingsfergunning ôfjûn
As de omjouwingsfergunning ôfjûn is, makket de gemeente it ûnwerp fan de útrit en stjoert dat nei jo. Hâld rekkening mei it folgjende:
- Jo regele sels dat de útrit oanlein wurdt.
- De gemeente hat it ûnderhâld fan it strjitsjen oanbestege. De oannimmers dy’t op it stuit dit wurk útfiere, binne: Thomassen (iepenet yn in nij ljepblêd) en Tjepkema (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Jo freegje sels in offerte oan by 1 of beide oannimmers. (It stiet jo frij om by in oar, goed en betrouber wegeboubedriuw in offerte op te freegjen. Mar jo kinne pas opdracht jaan as wy goedkarring jûn hawwe oer it bedriuw.)
- Jo jouwe sels de opdracht oan de keazen oannimmer.
- Alle kosten foar it oanlizzen fan de útrit (materiaal en wurk) binne foar jo rekken.
- Ekstra wurksumheden troch de oanlis of it ferbreedzjen fan de útrit, lykas it ferpleatsen fan in ljochtmêst, kolk, beam of brânkraan, betelje jo ek sels.
- De materialen dy’t oanbrocht wurde, wurde eigendom fan de gemeente Ljouwert.
- De útrit wurdt nei oanlis beheard en ûnderholden troch de gemeente Ljouwert.
Kosten
- De kosten foar it behanneljen fan jo oanfraach binne € 243,91.
- De kosten foar it oanlizzen fan de útwei betelje jo sels. De hichte fan dizze kosten hinget ôf fan de wurksumheden dy’t nedich binne.
Fragen of help nedich?
Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Sykje by it oanfreegjen by ‘aktiviteiten’ it folgjende formulier: Utrit meitsje, hawwe of feroarje of it gebrûk dêrfan feroarje – Oanfraach fergunning (Gemeente).
Fluch oan: