Fluch oan:

Wêrom dogge wy dit?

Grutsmoargens dat dumpt wurdt soarget foar fersmoarging en ûnfeilige situaasjes. Mei de konteners yn de wyk wurdt ynset op it ferminderjen fan de hoemannichte dumpt grutsmoargens.

Wat kin brocht wurde?

It folgjende meie jo lânsbringe:

Stikkene meubels en âlde apparaten.

Brûkbere spullen

Jou goede spullen in twadde libben. Buertgenoaten meie dy fergees meinimme.

It folgjende kinne jo net lânsbringe:

Gemysk ôffal, húshâldlik ôffal, itensresten of grienôffal.

Wêr stiet de kontener?

  • Heechterp-Skieringen – Ikestrjitte en Sleedoarnstrjitte.
  • Frijheidswyk – Bruorren Wierdastrjitte en Kanadezeleane.
  • Bilgaard – De Kei en De Gealannen.
  • Binnenring – Amelânsdwinger, foarkant Prins Frederikkazerne (flakby de ûndergrûnske ôffalkontener).
  • Flietsône – Menno van Coehoornstrjitte by Súdfliet.

Wannear?

De kontener stiet alle 14 dagen fan 12:30 oant 16:00 oere op de neamde lokaasjes. Hjirûnder fine jo de planning:

Lokaasje Data
Heechterp – Skieringen: Ikestrjitte 14 en 28 oktober
11 en 25 novimber
9 en 23 desimber
6 en 20 jannewaris
Heechterp – Skieringen: Sleedoarnstrjitte 23 oktober
20 novimber
18 desimber
Frijheidswyk: Bruorren Wierdastrjitte 16 oktober
13 novimber
11 desimber
Frijheidswyk: Kanadezeleane 6 en 20 oktober
3 en 17 novimber
1, 15 en 29 desimber
12 jannewaris
Bilgaard: De Kei 13 en 27 oktober
10 en 24 novimber
8 en 22 desimber
5 en 19 jannewaris
Bilgaard: De Gealannen 9 oktober
6 novimber
4 desimber
15 jannewaris
Binnenring – Amelânsdwinge
Forkant Prins Frederikkazerne
30 oktober
27 novimber
8 jannewaris
Flietsône – Súdfliet 7 en 21 oktober
4 en 18 novimber
2, 16 en 30 desimber
13 jannewaris

Wat makket it ekstra maklik?

  • Help op lokaasje: Twa meiwurkers stean klear om te helpen en advys te jaan oer ôffalskieding en recycling.
  • Brûk in stekkarke: Foar swiere spullen kinne jo in stekkarke liene.
  • Diel en ûntdek: Gean lâns by de kontener foar brûkbere spullen dy’t in twadde libben fertsjinje.

Doch mei en meitsje in ferskil!

Romje spullen op dy’t jo net mear brûke, en draach by oan in skjinnere wyk. Dizze proef duorret in jier. Dêrnei wrudt der sjoen oft de ynset fan konteners yn de wyk suksesfol is en wat it ferfolch wêze sil.  Help mei en diel dizze ynformaasje mei jo buertbewenners. De proef wurdt mei mooglik makke mei help fan Programma Ljouwert East.

Mei-inoar hâlde wy de wyk kreas en leefber!