Fluch oan:

Wolle of kinne jo dit net digitaal melde?

Jou dan jo melding (anonym) troch fia:

Foarbylden fan fraude

It bewust ferswijen fan ynformaasje om in útkearing of Wmo-foarsjenning te krijen of te hâlden is fraude. Bygelyks:

  • Ynskriuwe op in adres mar dêr net wenje.
  • By-inoar wenje en dat net trochjaan.
  • Net de ûndersteuning (ynkommen of soarch) nedich hawwe dy’t ûntfongen wurdt.
  • Oeren foar ûndersteuning fanút de Wmo of Jeugdwet deklarearje dy’t net jûn wurde.
  • It net opjaan fan (ekstra) ynkomsten.
  • Net fertelle dat der ekstra fermogen is. Dat jildt ek foar fermogen yn it bûtenlân.

Foarkom fraude. Jou feroaringen troch!

Jo binne ferplicht feroaringen troch te jaan. Dat neame wy ynljochtingeplicht. Jouwe jo gjin of net juste ynformaasje? Dan is dat mooglik fraude.

Wiziget jo persoanlike situaasje of jo ynkommen? Of gean jo langer as 4 wiken nei it bûtenlân? Jou dit binnen 7 dagen troch.

Húsbesite

Meiwurkers fan de gemeente kinne by jo thús komme om te kontrolearjen oft jo gegevens klopje. Sy beoardielje oft de werklike situaasje itselde is as de ynformaasje dy’t jo jûn hawwe.

Mei ik in húsbesite wegerje?

Ja, dat mei. Soms kin dat wol gefolgen hawwe foar in útkearing, of de ûndersteuning dy’t jo krije.

Wurdt in húsbesite yn it foar bekend makke?

Net altyd. Meastal melde wy yn it foar dat wy lâns komme.

Wy kinne ek lânskomme sûnder dit yn it foar te melden. Dat dogge wy as dat nedich is foar in juste fêststelling fan jo situaasje.

Hoe wurdt der soarge foar privacy?

De meiwurkers litte in pas fan de gemeente sjen. Sa witte jo dat sy echt fan de gemeente binne. Ek kinne sy jo freegje in legitimaasjebewiis sjen te litten. Dat is in rydbewiis, paspoart of identiteitskaart. De meiwurkers freegje foar jo privacy oft sy deryn komme meie. Sa hoecht it petear net bûten by de doar holden te wurden. Dêrnei fertelle sy wêrom’t se by jo op húsbesite binne en wat se dwaan sille.

Moat ik de meiwurkers deryn litte?

Earst wurdt jo tastimming frege. Dy tastimming jouwe jo troch jo hantekening te setten ûnder it formulier ‘Tastimming Húsbesite’. De meiwurkers nimme dit formulier mei. Jo meie de húsbesite wegerje. Jo rjocht op in útkearing of needsaak foar ûndersteuning kin dan mooglik net fêststeld wurde. Dat kin betsjutte dat jo oanfraach ôfwiisd wurdt. Of jo út útkearing of ûndersteuning stopset of leger wurdt.

Dat wurdt yn ’e húsbesite oan jo útlein.

Wat bart der by in húsbesite?

Jo binne altyd sels oanwêzich by in húsbesite. De meiwurkers freegje foar alles wat sy dogge of oanreitsje earst jo tastimming. De besite duorret faak net langer as in oere.

As de meiwurkers it nedich fine, kinne sy freegje:

  • Oft sy oare romten fan it hûs sjen meie.
  • Om kasten of laden iepen te dwaan en de ynhâld te sjen.
  • Om jo administraasje of post yn te sjen.

Wat bart der nei in húsbesite?

De resultaten fan de húsbesite wurde meinommen yn de beoardieling fan jo (oanfraach om in) bystânsútkearing of ûndersteuning. Jo krije de útkomst fan dy beoardieling.

Fragen of mear witte?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.