WATSUPS
WATSUPS is in Europeesk projekt dat de wearde fan wetter yn de stêd fergrutsje wol. Tink oan skjinnere grêften, plakken dêr’tst tichter by it wetter komme kinst, en moaiere kaden. Sa wurdt ús leefomjouwing oantrekliker en sûner.
Oer it projekt
Ljouwert docht mei 3 oare Europeeske stêden mei oan it projekt WATSUPS. Dit projekt krijt subsydzje fan de Europeeske Uny, fia it European Urban Initiative (EUI). Mechelen (BelgiË) is ús haadpartner. Dêr sjogge wy mei en leare wy hoe’t wetter better ynset wurde kin yn de stêd.
Hoe dogge wy dat?
Troch wetter better te brûken yn de iepenbiere romte. Bygelyks by gebietsûntwikkelingen yn Spoardok en yn de binnenstêd. Sa sjogge wy hoe’t wetter soargje kin foar in noflik plak om te wenjen en te ferbliuwen.
Wêr rjochtet it projekt him op?
Op de folgjende 3 ûnderwerpen:
- Skjin wetter
- Tagonklik wetter
- Moaier wetter yn de stêd
Wêr sille wy WATSUPS foar brûke?
Ljouwert set WATSUPS yn om kennis op te heljen út it bûtenlân, ynspiraasje op te dwaan foar Spoardok en de binnenstêd, en om lytse proefprojekten te finansierjen.
Projektpartners
- Gemeente Mechelen (België)
- Kristianstad (Sweden)
- Catania (Italië)
Projektperioade
1 maart 2024 en rint oant 31 augustus 2027.
Totaal projektbudzjet
Ljouwert krijt binnen WATSUPS € 120.000 subsydzje fan de EU. De gemeente leit dêr sels noch € 30.000 by.