Fluch oan:

Oer it projekt

Yn Be.CULTOUR wurkje ferskillende organisaasjes út ferskate lannen gear. Om sa better en tûker belied te meitsjen en te ynvestearjen.

Wêr rjochtsje wy de oandacht op (fokus)?

It projekt rjochtet him op minder ûntwikkele gebieten en gebieten mei in hege belêsting. It plan is om dy plakken te ferbetterjen en mienskippen te stypjen.

Wy hawwe nij toerismebelied makke.

Dat belied is goed foar de natuer, it bewarjen fan ús skiednis en de kultuer fan de minsken yn ús regio. Wy wurkje yn Be.CULTOUR gear mei oare stêden om kennis te dielen en fan inoar te learen. Wy wolle witte hoe’t wy opfallend en fernijend wêze kinne sûnder dat wy ynleverje op ús eigen kultureel en natuerlik erfgoed. Yn it projekt sille wy oan dizze opdracht wurkje.

Projektpartners

  • Greater Poland Tourism Organization (Poalen)
  • Gwynedd County Council (Feriene Keninkryk)
  • Kuldiga District Municipality (Letlân)
  • Museo Diffuso dei 5 Sensi Sciacca – Cooperativa di Comunità Identità e Bellezza (Italië)
  • Nicosia Tourism Board (Syprus)
  • North-West Regional Development Agency (NWRDA) (Roemenië)
  • Regional development agency Srem (Servië)
  • Regione del Veneto (Italië)
  • Region of Thessaly (Grikelân)
  • Saltaire Inspired (Feriene Keninkryk)
  • Savonlinna Development Services Ltd. (Finlân)
  • Stadsregio Parkstad Limburg (Nederlân)
  • Sviluppumbria (Italië)
  • Timis County Council (Roemenië)
  • Universiteit fan Algarve (Portugal)

Projektperioade

Febrewaris 2021 oant en mei jannewaris 2024.

Totaal projektbudzjet

€ 4.097.203,75

Mear ynformaasje fine jo op de website Be.CULTOUR.