Fluch oan:

Oer it projekt

Jongeren wurkje hieltyd faker as zzp’er, yn stee fan dat se in fêst kontrakt krije. Studinten moatte dêrom leare te netwurkjen, te kommunisearjen en út harsels op syk te gean nei wurk nei harren stúdzje. Skoallen moatte hjirop reagearje en jongeren helpe om de goede kennis en feardichheden te ûntwikkeljen. De arbeidsmerk hat dy jongeren nedich. Op dizze manier wurde se klearmakke foar de takomst.

Jongeren bewust meitsje fan de ‘GIG-ekonomy’

Dat dogge wy troch harren yn dit projekt te ferbinen mei beliedsmakkers en adviseurs. Sa kinne se meitinke oer it belied dat nedich is foar dizze nije manier fan wurkjen.

It úteinlike doel

It úteinlike doel is in struktuer opsette, dêr’t jongeren harren miening yn jaan kinne oan beliedsmakkers.

Wêrom dogge wy mei oan dit projekt?

De gemeente Ljouwert docht mei oan dit projekt om’t it in wichtich ûnderwerp fan dizze tiid is. Wy wolle gearwurkje mei beliedsadviseurs út oare dielen fan Europa. Ek wolle wy jongeren helpe om harren stim hearre te litten by beliedsmakkers, sadat ek sy heard wurde.

Projektpartners

  • Friesland College
  • ROC Friese Poort
  • Learning Hub Friesland
  • Gemeente Ljouwert
  • Meath County Council (Ierlân)
  • Dundalk Institute of Technology (Ierlân)
  • Newry and Mourne Co-operative and Enterprise Agency (Noard-Ierlân)
  • KSPCM (Litouwen)
  • Keamer fan Keaphannel Barcelona (Spanje)
  • Educem II (Spain)

Projektperioade

Desimber 2020 oant en mei novimber 2023.

Totaal projektbudzjet

€ 612.177,-

Mear ynformaasje fine jo op de website fan Giggin policy.