Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?

Download it formulier Bewennersinisjatyf (PDF, 148,68 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Foarbylden fan bewennersinisjativen

  • It oanlizzen fan in grientetún.
  • It pleatsen fan in picknicktafel om gesellich oan te iten.
  • Mear blommen en planten yn elke strjitte.
  • Mei alle bewenners in moai keunstwurk meitsje.
  • Swalkôffal opromje mei buertbewenners.
  • Food festival: kultueren ferbine troch iten.
  • Wykmerk: sjen litte wat der allegear te rêden is yn ’e wyk.

Wolle jo jo strjitte moaier, griener en sûner meitsje mei in geveltún, ynsektehotel, beamspegel, plantebak of bank? Of wolle jo it grien yn jo buert ynrjochtsje en ûnderhâlde? Mear ynformaasje fine jo op de side Oan de slach mei in geveltún, ynsektehotel, beamspegel, iepenbier grien, plantebak of bank.

Betingsten

  • Meitsje in plan dat helber is. Tink oan:
    • Omskriuwing fan it inisjatyf.
    • Freegje minsken yn jo buert om it inisjatyf te stypjen.
    • De lokaasje (kaartsje) foar fysike inisjativen.
    • Planning.
  • It inisjatyf moat passe binnen de regels en it belied.
  • Inisjatyfnimmers binne sels ferantwurdlik foar (eventuele) kosten.

Subsydzje

Foar inisjativen dy’t de leefberens yn jo wyk, buert of oarp ferbetterje, kinne jo subsydzje oanfreegje. Dat kin fia it wyk of doarpspanel. Mar ek fia it Mienskipsfûns, de regeling Mei-inoar Libje, Mei-inoar Sûn of in oare subsydzje. Der binne ek lanlike en provinsjale subsydzjes, lykas Jantje Beton.

Fragen

Wy tinke graach mei jo mei om jo inisjatyf ta in sukses te meitsjen. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei: bewonersinitiatieven@leeuwarden.nl.