Fluch oan:

Hoe wurket it JPF?

Tegearre mei in begelieder fan de gemeente Ljouwert geane jo oan de slach mei jo takomstdoelen. Twa jier lang.

In takomstdoel is bygelyks in maatskiplike staazje, diploma of baan.

Yn ruil foar jo ynset, losse wy jo skulden ôf.

Wannear kinne jo meidwaan?

  • Jo binne tusken de 18 en 27 jier.
  • Jo wenje yn de gemeente Ljouwert.
  • Jo tinke dat jo net binnen 3 jier út de skulden komme kinne.
  • Jo kinne en wolle wurkje oan jo takomstdoelen.

Hawwe jo skulden en wolle jo jo oanmelde?

De gemeente slút op syn lêst yn febrewaris 2023 oan by it JPF. Jo kinne jo no al opjaan foar in earste petear. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei jpf@leeuwarden.nl.

Jo hawwe jo oanmelden. En no?

Stap 1

Nei jo oanmelding krije jo in petear mei 1 fan de begelieders. Jim sjogge tegearre oft dit projekt by jo past.

Stap 2

As jim beslute dat jo meidogge, meitsje jim ôfspraken mei elkoar. Dy ôfspraken komme yn jo takomstplan en yn in oerienkomst.

Stap 3

Dêrnei sjogge wy hoefolle skulden oft jo krekt hawwe en by wa. De gemeente en De Kredietbank gean mei-elkoar oan ’e slach om jo skulden ôf te lossen.

Stap 4

No’t de skulden fuort binne, kinne wy wurkje oan jo takomst. Dit dogge jo 2 jier lang, tegearre mei jo begelieder.

Mear ynformaasje oer it JPF?

Mear ynformaasje fine jo op de webside Jongeren Persfectief Fonds.