Fluch oan:

Wannear wurdt der beslach lein op jo ynkommen?

As jo jo rekkeningen net op ’e tiid betelje, kin der beslach lein wurde op jo ynkommen.

Der is beslach lein op myn ynkommen, en no?

Jo ûntfange in brief, dat neame wy de modelmeidieling, dêr’jo berekkene beslachfrije foet yn neamd wurdt. Kontrolearje dy goed. As der mei ferkearde ynformaasje rekkene is, of de situaasje is wizige, nim dan direkt kontakt op mei jo beslachlizzer.

Wat betsjut dit foar jo?

Jo wurkjouwer of útkearingsynstânsje moat jild ynhâlde en trochbetelje oan de beslachlizzer. Yn dy situaasje ha jo altyd rjocht om in minimum bedrach oer te hâlden om boadskippen te dwaan en de fêste lêsten te beteljen, dat is it beskerme diel fan jo ynkommen dat jo hâlde meie.

Wêr mei in doarwarder of skuldeasker gjin beslach op lizze?

Op de beslachfrije foet meie beslachlizzers gjin beslach lizze. In doarwarder leit beslach op jo ynkomsten en/of besittingen.

Sels berekkenje om hokker diel fan jo ynkommen dat giet?

Gean nei de webside Uw beslagvrije voet fan de Ryksoerheid.