Fluch oan:

Havens en plattegrûnen

Prinsetún

  • De Prinsetún is it hert fan de haven. Jo lizze mei jo boat midden yn it park. Yn dat park fine jo ûnder oare restaurant en grand café De Koperen Tuin en it Pier Pandermuseum.
  • Wc’s, dûsen en waskmasines binne by it havenkantoar.
  • De ûndergrûnske ôffalkonteners binne yn de Prinsetún.
  • De smoarchwetterpompen/bilgestasjons binne by de Froupoartsbrêge en by de Noarderbrêge, út de Prinsetún wei sjoen.

Noardersingel

  • De lisplakken oan de Noardersingel binne tsjin de Prinsetún oer, oan de oare kant fan it wetter. Mei it pontsje komme jo yn de Prinsetún.
  • It pontsje is fergees en fart elke dei yn de simmerfakânsje fan de regio Noard-Nederlân. It pontsje fart fan 08:00 oant 20:00 oere. Elkenien mei it pontsje brûke. It pontsje fart op elektrisiteit.
  • Wc’s, dûsen en waskmasines binne by it havenkantoar yn de Prinsetún.
  • Der binne 2 ôffalkonteners oan de Noardersingel.
  • De smoarchwetterpompen/bilgestasjons binne by de Froupoartsbrêge en by de Noarderbrêge, út de Prinsetún wei sjoen.

Westerplantaazje

  • De lisplakken oan de Westerplantaazje binne oan de oare kant fan de Froupoartsbrêge, yn de rjochting fan Stedsskouboarch De Harmonie.
  • Op de Westerplantaazje is in apart gebou mei wc’s en dûsen.
  • Waskmasines binne by it havengebou yn de Prinsetún.
  • Oan it begjin fan de Westerplantaazje stiet in grutte ôffalkontener.
  • De smoarchwetterpompen/bilgestasjons binne by de Froupoartsbrêge en by de Noarderbrêge, út de Prinsetún wei sjoen.

Plattegrûnen

Gegevens havenkantoar

Adres

Prinsetún 3
8911 DE Ljouwert

Telefoannûmer havenmaster

06 31 96 32 59

Iepeningstiden havenkantoar

  • oant 1 juny fan 08:30 oant 19:00 oere.
  • 1 juny oant 1 septimber fan 08:30 oant 20:00 oere.
  • 1 septimber oant 1 novimber fan 08:30 oant 19:00 oere.

Beteljen havenjild, wettertoeristebelesting en foarsjennings

Havenjild en wettertoeristebelesting

Jo kinne wachtsje oant de havenmaster by jo lânskomt of jo melde op it havenkantoar. De havenmaster makket ferskate rûnten troch de haven en treft jo graach by jo boat. Jo betelje mei pinpas, creditcard of mei de app foar mobyl bankieren op jo eigen telefoan. Jo kinne net mei kontakt jild betelje. Nei it beteljen krije jo in bon mei alle wichtige gegevens. Bewarje dy goed, mar lis him net yn it sicht fan oaren. De bon mei koade jout tagong ta de wc en dûsen.

Foarsjennings

Fia it havenjild hawwe jo al betelle foar stroom, wetter en it brûken fan wc en dûsen. Hjir hoege jo net apart foar te beteljen. Jo kinne de dûs en wc brûke mei in tagongskoade dy’t jo fan de havenmaster krije. Hawwe jo in tegoed op de jachthavenbetelkaart? Mei dit tegoed kin net betelle wurde. wol biede wy de service om it eventuele tegoed oan jo oer te meitsjen.

Kosten

Havens Ljouwert kosten
Havenjild € 2,04 de strekkende meter, per dei (ynklusyf btw).
Wetter en elektrisiteit Fergees
Waskmasine € 5,-
Drûger € 4,-

Wettertoeristebelesting

As jo yn de gemeente Ljouwert wenje, betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Ek foar bern fan 5 jier of jonger betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Mear ynformaasje fine jo op de side Wettertoeristebelesting.