Stimme by de ferkiezingen
Op woansdei 18 maart binne de gemeenteriedsferkiezings. Fan 07:30 oant 21:00 oere kinne jo stimme. Nim jo stimpas en identiteitsbewiis mei. Foar 5 maart ûntfange jo mei de post jo stimpas.
Immen oars stimme litte (folmacht)
Kinne jo sels net it stimburo gean, dan kinne jo in oare kiezer freegje foar jo te stimmen. Dy kiezer moatte jo in folmacht jaan. Mei in folmacht kin in oare kiezer foar jo stimme. Dit kin op de folgjende manieren:
- Folmacht fia de stimpas.
- Skriftlike folmacht.
Folmacht fia de stimpas
In folmacht fia de stimpas kinne jo pas regelje as jo de stimpas ûntfongen hawwe. Dizze folmacht kin oant op de dei fan de ferkiezingen. Op it stimburo sels kin dit net regele wurde.
Hoe wurket it?
Ful de efterkant fan de stimpas yn en set jo hantekening. Jou jo stimpas en in kopy of foto fan jo identiteitsbewiis oan de oare kiezer.
De oare kiezer:
- hat in stimpas fan de gemeente Ljouwert;
- stimt sels ek yn Ljouwert;
- Leveret de folacht(en) tagelyk yn mei de eigen stimpas;
- Nimt maksimaal 2 folmachtstimmen oan.
Skriftlike folmacht
Digitaal regelje
In skriftlike folmacht kinne jo oant en mei 13 maart digitaal regelje. Jo hawwe in DigiD nedich. De kiezer dy’t foar jo stimt moat de eigen hantekening meistjoere. Dizze persoan krijt in folmachtsbewiis en hoecht gjin kopy fan jo identiteitsbewiis sjen te litten.
Mûnling regelje
Oant 17 maart 12:00 oere kinne jo yn it gemeentehûs in folmacht oanfreegje. De kiezer dy’t foar jo stimme sil moat sels ek meikomme. Jo kinne hjirfoar in ôfspraak meitsje of lânskomme by de frije ynrin. As jo in legitimaasjebewiis hawwe, nim dy dan mei.
Wêr kin ik stimme
Op de webside fan Ferkiezing yn byld fine jo in list en kaart mei alle stimburo’s yn de gemeente Ljouwert.
Stimpas net ûntfongen, kwyt of beskeadige
Foar 5 maart ûntfange jo mei de post jo stimpas. Hawwe jo der net ien krigen? Freegje dan sa gau mooglik in nije stimpas oan. Dat kin digitaal of mûnling op it gemeentehûs fia in ôfspraak.
Digitaal oanfreegje
Jo kinne jo stimpas oant en mei 13 maart digitaal oanfreegje. Jo hawwe in DigiD nedich om oan te freegjen.
Mûnling oanfreegje
Kom uterlik op 17 maart foar 12:00 oere nei it gemeentehûs. Jo kinne hjirfoar in ôfspraak meitsje of lânskomme by de frije ynrin. Nim jo identiteitsbewiis mei.

De stimpassen wurde uterlik 4 maart besoarge. Fan 5 maart ôf fine jo op dizze side hoe’t jo in nije stimpas oanfreegje kinne.
Ferhuzing op of nei 2 febrewaris 2026
Jo kinne jo stim allinnich útbringe yn de gemeente dêr’t jo op 2 febrewaris 2026 ynskreaun stiene.
Ekstra tagonklik stimburo
Yn de Neushoorn, Ruterskertier 31 yn Ljouwert binne de folgjende foarsjenningen oanwêzich:
- in meiwurker foar help en begelieding.
- in ekstra grut stimhok foar scootmobyls en rolstuollen.
- in stimmal mei soundbox
Mei de stimmal en soundbox kinne kiezers dy’t net sjen kinne of min sjogge sûnder help stimme. Yn it stimburo kinne jo hjir útlis oer krije. Wolle jo witte hoe’t dat wurket? Gean foar mear ynformaasje nei de webside fan de Oogvereniging.
Ferkiezingstaksy foar ferfier nei stimburo
Kinne jo min rinne of hawwe jo in oare beheining? Mar wolle jo wol sels stimme? Meitsje dan gebrûk fan de gratis ferkiezingstaksy.
Hoe wurket it?
De ferkiezingstaksy hellet jo thús op en bringt jo nei in goed berikber stimlokaal by jo yn ’e buert. Nei’t jo stimd hawwe, wurde jo wer thúsbrocht. De ferkiezingstaksy kin wat earder of letter wêze as de ôfsprutsen tiid.
Ofspraak meitsje
Meitsje op ’e tiid in ôfspraak. Dat kin ûnder kantoaroeren oant tiisdei 17 maart 12:00 oere fia telefoannûmer 058-2023040. Jou hjirby oan dat it giet om de ferkiezingstaksy, neam it opheladres en it adres fan it stimburo. It adres fan jo stimburo stiet op jo stimpas.
Fragen
Mear ynformaasje oer de ferkiezingen yn de gemeente Ljouwert fine jo op de side Ferkiezingen of op de webside fan de Kiesried.
Foar oare ynformaasje of fragen nimme jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: