Registraasje partijnammen politike partijen
Politike partijen dy’t net by de gemeente, provinsje of lanlik registrearre stean, kinne in namme registrearje by it sintraal stimburo. Mei de registrearre namme kin in partij meidwaan oan de ferkiezings. As in partij gjin namme registrearret dan kin de partij meidwaan mei de ferkiezings sûnder namme. De partij docht dan mei mei allinnich in listnûmer.
Partijnamme registrearje
Dat kin oant 22 desimber 2025. Wy advisearje jo om earst in ôfspraak te meitsjen mei de ôfdieling Ferkiezings.
Registraasjefersyk
It registraasjeformulier kinne jo downloade fia de webside fan de Ryksoerheid. Leverje it fersyk sa fluch mooglik yn op it gemeentehûs. Meitsje hjirfoar earst in ôfspraak mei de ôfdieling Ferkiezings. Wachtsje net oant desimber.
Kosten
Jo betelje in boarchsomme fan € 112,50. Dy moat op syn lêst op 22 desimber 2025 op de rekkening fan de gemeente Ljouwert byskreaun wêze. De betelgegevens krije jo by de ôfspraak of freegje jo oan by de ôfdieling Ferkiezings.
Oanmelden kontaktpersoan
Docht jo partij mei oan de ferkiezings? Of stjoer in e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl. Neam hjirby:
- yn it ûnderwerp fan de e-mail ‘Trochjaan kontaktpersoan GR2026’;
- de namme fan de partij;
- de namme fan de kontaktpersoan;
- telefoannûmer;
- e-mailadres.
Kandidaatstelling
Ynleverjen kandidatelist
Docht jo partij mei oan de ferkiezings op 18 maart 2026, dan leverje jo in kandidatelist yn. Dat moat op de dei fan de kandidaatstelling, 2 febrewaris 2026.
Gratis software
De Kiesried stelt yn de rin fan 2025 gratis software beskikber dêr’t jo de formulieren en bestannen foar de kandidaatstelling mei meitsje kinne.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de kandidaatstelling folget yn de rin fan it tredde fearnsjier 2025 op dizze webside en op de webside fan de Kiesried.
Partijnammen
Oersjoch partijnammen
Op de side Registers partijnammen fine jo in oersjoch fan de partijnammen fan de gemeente Ljouwert en Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de registraasje fan partijnammen fine jo op de webside fan de Kiesried.
Ofspraak meitsje
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.