Fluch oan:

Wannear en wêr

Jo kinne in ferklearring ôflizze fan 19 jannewaris oant en mei 2 febrewaris 2026. Dat dogge jo yn it gemeentehûs by de ôfdieling Boargersaken.

Op 4 en 5 febrewaris 2026 fan 08:30 oant 17:00 oere is it ek mooglik om stipeferklearringen ôf te lizzen. Jo kinne dan in ferklearring ôflizze foar in partij dy’t noch net genôch jildige stipeferklearringen ynlevere hat.

Betingsten

  • Jo nimme in jildich identiteitsbewiis mei;
  • jo wenje yn Ljouwert;
  • jo hawwe kiesrjocht foar de gemeenteriedsferkiezing.

Hoe wurket it?

  • De politike partij dy’t jo stypje wolle jout jo in stipeferklearring.
  • Jo ûndertekenje de folslein ynfulde stipeferklearring op it gemeentehûs. In meiwurker fan de ôfdieling ferkiezings moat dit sjen.
  • By de ferkiezingsbaly kontrolearret in meiwurker oft jo yn Ljouwert wenje. En oft jo kiesrjocht hawwe foar de gemeenteriedsferkiezing.
  • Jo kinne mar 1 kear in stipeferklearring ôflizze. Dizze stipeferklearring kinne jo letter net wer ynlûke.
  • De meiwurker set in stimpel op it formulier.
  • Jo nimme it formulier mei en leverje it yn by de politike partij.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.