Kandidaatstelling politike partijen
Moandei 2 febrewaris 2026 is de dei fan de kandidaatstelling. Partijen dy’t meidwaan wolle oan de gemeenteriedsferkiezing moatte op dy dei tusken 09:00 en 17:00 op it gemeentehûs de formulieren dy’t nedich binne ynleverje. Meitsje hjirfoar in ôfspraak.
Wat leverje jo yn?
De formulieren dy’t jo ynleverje moatte binne wetlik foarskreaun. Alle formulieren dy’t jo nedich hawwe kinne jo printsje mei de OSV software. Dizze software kinne jo fergees downloade op de webside fan de Kiesraad. Foar partijen dy’t meidwaan wolle oan de ferkiezings is in hantlieding, ynlevermap en in USB-stick beskikber. Hawwe jo dy noch net? Nim dan sa gau mooglik kontakt op mei buro Ferkiezings.
Boarchsom
Partijen sûnder sit yn de gemeenteried binne ferplichte in boarchsom fan € 225,- te beteljen om meidwaan te kinnen oan de gemeenteriedsferkiezings.
Dit bedrach moat oermakke wurde oan de gemeente Ljouwert op rekkeningnûmer NL87BNGH0285004867, mei as omskriuwing ‘boarchsom kandidaatstelling + namme en adres politike groepearring’.
De boarchsom moat op syn lêst op moandei 19 jannewaris 2026 op rekkening fan de gemeente byskreaun wêze. As by de ferkiezings minimaal 75% fan de kiesdieler helle wurdt, wurdt de boarchsom weromstoarten.
Stipeferklearringen
Stipeferklearringen kinne ôflein wurde fan 19 jannewaris oant en mei 2 febrewaris 2026. Jo kinne hjirfoar ûnder iepeningstiden terjochte op it gemeentehûs. Jo meie gjin stipers winne yn it gemeentehûs.
Undersyk kandidatelisten
Op tiisdei 3 febrewaris 2026 om 16:00 oere ûndersiket it Sintraal Stimburo (CSB) de kandidatelisten. As der fersommen (ûntbrekkende stikken) konstatearre wurde, wurdt dat fuortdaliks oan de partij meidield. Op woansdei 4 en tongersdei 5 febrewaris 2026 tusken 09:00 en 17:00 oere kinne dy fersommen wersteld wurde.
Beslissing en listnûmering
Op freed 6 febrewaris 2026 om 17:00 oere beslist it CSB oer de jildichheid fan de kandidatelisten en wurdt de listnûmering makke. Dit bart yn in iepenbiere sitting op it stedhûs, Hofplein 38, Ljouwert.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de kandidaatstelling en it gebrûk fan de software fine jo op de webside fan de Kiesried.
Fluch oan: