Fluch oan:

Kennisjouwing fan foarnommen ferkeap fan grûn

De gemeente Ljouwert is fan doel om mei in partij in oerienkomst ta keap te sluten foar in perseel grûn yn Mantgum en Grou:

  • Fuortby Om ’e Terp 25 yn Mantgum, grut 27 m2, kadastraal bekend gemeente Jorwert, seksje G, nûmer 1172 dls.
  • Fuortby Biensma 1A yn Grou, grut 22 m2, kadastraal bekend gemeente Grou, seksje A, nûmer 6236 dls.

De gadingmakker wol it perseel grûn brûke foar it pleatsen fan in trafo, passend binnen it dêrfoar jildende bestimmingsplan.

Ien serieuze gadingmakker

Troch in útspraak fan de Hege Rie moat de gemeente by de útjefte fan grûn gelikense kânsen jaan oan gadingmakkers. In seleksjeproseduere hoecht net as yn it foar fêst stiet oft reedlikerwiis oannommen wurde mei dat mar ien gadingmakker foar de grûn yn oanmerking komt. De gemeente mient dat yn dit gefal de útsûnderingsregel lykas neamd yn it arrest fan tapassing is en der sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker om de folgjende reden.

De Gemeente fan miening is dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker, om’t de oanbelangjende grûn nedich is foar it pleatsen fan in trafo, dy’t needsaaklik is om de nutsfoarsjennings yn stân te hâlden. It oanbelangjende perseel makket diel út fan de iepenbiere romte, grinzet net oan in partikulier perseel, leit solitêr en komt net yn oanmerking foar ferkeap oan oare partijen.

Net iens mei it foarnimmen?

Elke oare gadingmakker dy’t fynt dat er ek foar dit rjocht yn oanmerking komme moatte soe, moat binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (28 febrewaris 2024) in koart pleit oan ’e oarder steld hawwe oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is:  2024-027748.