Nije Omjouwingsfyzje
De wrâld om ús hinne feroaret. Wy hawwe nije wenningen nedich, skjinne enerzjy, romte foar grien, in sûne leefomjouwing en mear. Mar de romte is beheind, dus net alles kin. Mei de nije Omjouwingsfyzje meitsje wy karren foar de takomst fan ús gemeente. Want Ljouwert groeit, beweecht, feroaret. Ljouwert fan moarn: wat sjogge jo?
Wat is de Omjouwingsfyzje
De Omjouwingsfyzje is it takomstplan foar alles dat jo om jo hinne sjogge: fan wenjen oant ferkear en fan boartsjen oant ûndernimmen. De gemeente set it dokumint yn as helpmiddel by it meitsjen fan goede karren. Want wat dogge wy as der mear minsken in wenning nedich hawwe as dat der besikber binne? Wy romte nedich hawwe foar skjinne enerzjy én wy tagelyk mear grien hawwe wolle? Yn de Omjouwingsfyzje lizze wy fêst hoe’t wy de beheinde romte yn de stêd, doarpen en it bûtengebiet brûke. No en yn de takomst.
Wêrom in nije fyzje
Us aktuele Omjouwintsfyzje is in pear jier âld. Mei de tiid feroarje de omjouwing en de ferletten, en gauris komme der nije regels by. Wy hawwe te krijen mei grutte fraachstikken lykas wenningbou, klimaat, enerzjy, natuer en it ferbetterjen fan wiken en doarpen.
De âlde fyzje slút net mear goed oan by dizze ûntwikkelingen. Dêrom meitsje wy in nije Omjouwingsfyzje: in takomstplan dat past by de útdagings fan no én dat rjochting jout oan karren dy’t wy meitsje oant 2050.
Wolle jo mear witte oer it hjoeddeistige belied en de plannen? Gean nei de side Omjouwingsfyzje.
Hoe kinne jo meitinke
Yn febrewaris koe elkenien in fragelist ynfolje. Dêrmei hawwe wy in soad weardefolle reaksjes ophelle. Tank oan elkenien dy’t meidien hat. De resultaten diele wy ynkoarten op dizze side. No gean wy in stap fierder. Wy gean mei elkoar yn gesprek oer wat belangryk is yn jo omjouwing en oer de karren dy’t dêr by hearre. Jo kinne op ferskillende manieren meidwaan.
Wy komme nei jo ta
Praat mei yn jo wyk of doarp, oanmelde is net nedich. Op ûndersteande mominten gean wy graach mei jo yn gesprek oer jo buert, doarp of stêd. Wat moat bliuwe? Wat kin oars? En hokker karren binne nedich foar de takomst?
- 2 april fan 13:00-17:00 oere, winkelsintrum Bilgaard
- 16 april fan 11:00–14:00 oere, MBU Firda & Julianaleane (Huzum)
- 21 april fan 14:00–17:00 oere, tiisdeismerk Stiens
De ferdjipping yn by de Omjouwingskafees
Wolle jo djipper yngean op de takomst fan Ljouwert? Dan binne jo wolkom by de Omjouwingskafees fan ús Atelier Stedsboumaster. Dit binne iepen gesprekken wêryn’t wy mei-elkoar fierder neitinke oer belangrike ûnderwerpen foar ús leefomjouwing. Data, lokaasjes en tema’s meitsje wy hjir ynkoarten bekend.
Meitinke as spesjalist of partner
Neist ynwenners nûgje wy ek ûndernimmers, organisaasjes, saakkundigen en partners út om mei te tinken oer ûnderwerpen dy’t belangryk binne foar de Omjouwingsfyzje. Dat dogge wy yn spesifike temasesjes. Hawwe jo gjin útnûging ûntfongen, mar wolle jo wol meitinke? Stjoer in e-mail nei omgevingsvisie@leeuwarden.nl.
De planning
- Febrewaris oant en mei april: yn petear oer de Omjouwingsfyzje.
- Neijier 2026: publisearjen ûntwerp-Omjouwingsfyzje mei romte foar reaksje.
- Begjin 2027: fêststellen nije Omjouwingsfyzje troch de gemeenteried.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: