Fluch oan:

Berjochteboks fan MijnOverheid

De gemeente Ljouwert stjoert út ferskillende ôfdielingen wei brieven en beskikkingen fia Berichtenbox fan MijnOverheid. Bygelyks oer gemeentlike belestingen, útkearingen, of ûndersteuning út de Wmo wei.

 

De Belestingtsjinst, de Sosjale Fersekeringsbank en it UWV wurkje ek mei dizze Berjochteboks.

Mear mooglikheden

De kommende tiid nimme de mooglikheden op it mêd fan digitale tsjinstferliening by de gemeente Ljouwert ta. Jo kinne dan oer hieltyd mear ûnderwerpen digitaal mei de gemeente kommunisearje. Hawwe jo fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy helpe jo graach.