Fluch oan:

Kinne jo wolle jo net digitaal oanjefte dwaan

Meitsje dan in ôfspraak (iepenet yn in nij ljepblêd) om lâns te kommen op it gemeentehûs. Dit jildt ek as jo jo berntsje byskriuwe wolle yn it trouboekje of partnerskipsboekje, hjirfoar meitsje jo in ôfspraak.

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs

  • Jo legitimaasjebewiis.
  • In kopy fan de erkenningsakte (as jo dy hawwe).
  • In akte fan nammekar (as jo dy hawwe).
  • In anonime donorferklearring (as jo dy hawwe). Ofjûn troch Stichting Donorgegevens Kunstmatige Bevruchting.
  • Jo trouboekje of partnerskipsboekje (as jo dy hawwe).

Wat hawwe jo nedich by digitale oanjefte

  • DigiD ynloggegevens fan de âlder/âlden.
  • Alder/aldên stiet/steane ynskreaun yn in gemeente yn Nederlân.
  • Ferklearring fan berte. Dy krije jo fan it sikehûs of jo ferloskundige. Dat is it kaartsje dat jo by de berte krije mei in rôs of blau strikje deroan.
  • In úttreksel fan de erkenningsakte (as jo dy hawwe).
  • In akte fan nammekar (as jo dy hawwe).
  • In anonime donorferklearring (as jo dy hawwe). Ofjûn troch Stichting Donorgegevens Kunstmatige Bevruchting.

Wa mei oanjefte dwaan

  • De heit of mem fan it berntsje.
  • Immen dy’t by de berte oanwêzich wie.
  • In bewenner fan it hûs dêr’t it berntsje berne is.
  • It haad, of immen mei in folmacht, fan de ynrjochting dêr’t it berntsje berne is. Bygelyks it sikehûs of de finzenis.
  • De boargemaster, of in troch de boargemaster oanwiisde amtner, fan de gemeente dêr’t it berntsje berne is. Dit bart as der gjin persoanen binne dy’t oanjefte dwaan meie.

Hat jo berntsje gjin Nederlânske nasjonaliteit

Miskien moatte jo dan in ferbliuwsfergunning oanfreegje. Mear ynformaasje fine jo op de website fan de Ymmigraasje en Naturalisaasjetsjinst (IND) (iepenet yn in nij ljepblêd).

Regelje by feroaringen yn jo libben

Der feroaret wat yn jo libben. Dit neame wy in libbensbarren. Soms bart dit ûnferwachts, soms planne jo it sels. Op de website fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo ynformaasje oer wat jo regelje kinne en witte moatte.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.