Toeristebelesting, oanjefte dwaan
Jo betelje belesting as jo in akkommodaasje hawwe en in fergoeding foar it oernachtsjen freegje. Gasten dy’t net ynskreaun steane yn ’e gemeente Ljouwert, betelje toeristebelesting. Bern ûnder de 5 jier hoege gjin toeristebelesting te beteljen. Jo drage de toeristebelesting ôf oan ’e gemeente.
Foarbylden fan akkommodaasjes
- Hotel, pensjon ensafh.
- Bêd en Brochje, Airbnb ensafh.
- Plak op in camping (byg. foar in tinte, caravan, sjalet ensafh.)
- Appartiment, studio ensafh.
- Húske
- Groepsakkommodaasje
Oernachtingen byhâlde yn in register
Foar de oanjefte fan toeristebelesting is it nedich dat jo byhâlde wa’t yn jo akkommodaasje oernachtet. Dizze gegevens hâlde jo by yn in eigen reservearringssysteem. Of jo brûke it folgjende nachtferbliuwregister:
Jo skriuwe de folgjende gegevens yn it register
- Namme en wenplak fan ’e gast.
- Datum fan oankommen en ôfreizgjen.
- Tal persoanen dat by jo oernachtet.
- Tal oernachtingen.
Wannear dogge jo oanjefte?
Wit de gemeente al dat jo toeristebelesting ôfdrage moatte?
Dan krije jo yn desimber of jannewaris berjocht fan ús om oanjefte fan toeristebelesting te dwaan.
Wolle jo no oanjefte dwaan?
Belje nei de gemeente Ljouwert fia telefoannûmer 14 058.
Wit de gemeente noch net dat jo in akkommodaasje ferhiere?
Dan moatte jo jo earst oanmelde by belastingen@leeuwarden.nl. Jou jo namme, adres en it plak fan jo akkommodaasje troch.
Wat bart der nei jo oanjefte?
Wy beoardielje jo oanjefte en berekkenje hoefolle toeristebelesting oft jo ôfdrage moatte. Jo krije hjir berjocht fan.
Faak stelde fragen en antwurden
Net iens mei de oanslach toeristebelesting?
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen.
Kosten
Toeristebelesting
- € 1,65 per persoan per oernachting.
- Bern oant 5 jier hoege gjin wettertoeristebelesting te beteljen.
Fêste kosten
- per jier per steanplak: € 222,75 (kampearmiddel kin net fuorthelle wurde).
- per fêst seizoen per steanplak: € 214,50 (kampearmiddel wurdt net fuorthelle, gjin oernachting yn de winterperioade).
- per seizoen per steanplak: € 198,- (kampearmiddel moat fuorthelle wurde).
- net-fêste jierplakken of seizoensplakken, foar in perioade fan:
- maksimaal 1 moanne: € 115,50.
- maksimaal 2 moannen: € 156,75.
- maksimaal 3 moannen: € 198,-.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).
- Feroardering toeristebelesting Ljouwert