Fluch oan:

Hoe is dit trajekt ûntstien

Yn de eardere plannen foar de nije wenwyk op it Halbertsmaplein stie in brêge oer de Rjochte Grou. Nei beswieren fan ynwenners is dy brêge út de plannen foar de wenwyk helle. De gemeente ûndersiket no yn in apart proses hokker ferbining it bêste past tusken de nije wenwyk en it sintrum fan Grou.

Wy stean dêrby wer oan it begjin. Der is noch gjin kar makke foar in brêge of in oare oplossing. Wy ferkenne ferskillende mooglikheden en sjogge wat dy betsjutte foar ûnder mear de feiligens, de berikberens, de omjouwing en de trochfeart. Ynwenners krije de kâns om dêroer mei te tinken.

Hoe ûndersykje wy de mooglikheden

Wy ûndersykje de mooglikheden stap foar stap. In klankboerdgroep mei ynwenners en oare belutsenen tinkt mei oer de ferskillende oplossingen.

Ein 2026: wy starte it petear

Yn in startgearkomst lizze wy út wêrom’t wy de ferbining ûndersykje en hoe’t it proses ferrint. Ek fertelle wy hoe’t ynwenners har oanmelde kinne foar de klankboerdgroep. De datum fan de gearkomst folget letter. Sadree’t dy bekend is, lêze jo dat op dizze side.

Jannewaris 2027: wy ferkenne de mooglikheden

Wy besjogge earst sketsen en mooglike oplossingen mei de klankboerdgroep. Mei-inoar selektearje wy de meast kânsrike farianten.

Febrewaris 2027: wy wurkje trije farianten út

Wy meitsje de trije meast kânsrike farianten konkreter, mei bylden, gefolgen foar de omjouwing en in earste koste-ynskatting.

Maart 2027: wy fergelykje de farianten

Mei de klankboerdgroep fergelykje wy de trije farianten. Wy sjogge ûnder mear nei de berikberens, de kwaliteit fan de omjouwing, de helberheid, it draachflak en de kosten.

April 2027: wy diele de resultaten

Wy presintearje de resultaten fan it ûndersyk en de fergeliking oan ynwenners en oare belutsenen.

Simmer 2027: mooglike kar foar in foarkarsfariant

As it ûndersyk foldwaande ynformaasje opleveret om in kar te meitsjen, lizze wy in foarkarsfariant foar oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dêrnei nimt de gemeenteried in beslút.

Hoe kinne jo meitinke

Ynwenners kinne meitinke fia in klankboerdgroep. Wy stalle de groep sa gear dat ferskillende ynwenners en belangen út Grou fertsjintwurdige binne. By in soad oanmeldingen meitsje wy dêrom in seleksje, sadat de groep net te grut wurdt.

Yn in startgearkomst lizze wy út hoe’t it ûndersyk ferrint en hoe’t ynwenners har oanmelde kinne foar de klankboerdgroep. De datum fan dy gearkomst en mear ynformaasje oer de oanmelding folgje letter op dizze side.

De klankboerdgroep tinkt mei oer mooglike oplossingen en beoardielet de meast kânsrike farianten op berikberens, romtlike kwaliteit, útfierberheid, draachflak en kosten. Ek ynwenners dy’t net yn de klankboerdgroep sitte, ynformearje wy oer de útkomsten fan it ûndersyk. Yn april 2027 diele wy de resultaten mei ynwenners en oare belutsenen.

Wa nimt it beslút

De klankboerdgroep tinkt mei en jout advys. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried nimme de besluten. Sy nimme de útkomsten fan it ûndersyk en de ynbring fan ynwenners mei by har kar.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.