In lústerjend ear foar elkenien
Soms is it fijn om even mei ien te praten. Bygelyks as jo jo iensum fiele, soargen hawwe of jo ferhaal diele wolle. Der binne ferskillende organisaasjes dy’t nei jo lústerje en mei jo meitinke.
De Lústerline is der altyd en foar elkenien
Wolle jo jo ferhaal kwyt of prate oer soargen, eangst, fertriet, pine of just bliidskip? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de Lústerline.
De frijwilligers fan de Lústerline biede in lústerjend ear, sûnder oardiel. Sy lústerje mei oandacht en kinne jo steun biede wannear’t jo dêr ferlet fan hawwe.
Berikberens
De Lústerline is it hiele jier troch berikber: 24 oeren deis en 7 dagen yn ’e wike.
- Belje nei 088-0767000. Jo betelje allinnich de gebrûklike belkosten fan jo provider.
- Chat (iepenet yn in nij ljepblêd) mei in meiwurker tusken 10:00 en 22:00 oere.
- Of stjoer in e-mail nei deluisterlijn@ehulp.nl.
Mantelsoarchline
Soargje jo foar immen ha jo hjir fragen of soargen oer? Wolle jo graach in advys oer jo mantelsoarchsituaasje? Of wolle jo jo ferhaal kwyt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de Mantelsarochline fan MantelzorgNL.
De meiwurkers fan de Mantelsoarchline tinke mei jo mei en biede ûndersteuning by fragen oer mantelsoarch.
Berikberens
De Mantelsarochline is berikber fan moandei oant en mei tongersdei fan 9:00 oant 17:00 oere en op freed fan 9:00 oant 13:00 oere.
- Belje nei 030-7606055. Jo betelje allinnich de gebrûklike belkosten fan jo provider.
- WhatsApp (iepenet yn in nij ljepblêd) nei 06-27236854.
- Of stjoer in e-mail nei mantelzorglijn@mantelzorg.nl.
Fragen
Foar fragen en mear ynformaasje oer de Lústerline of Mantelsoarchline gean jo nei de website fan de Luisterlijn (iepenet yn in nij ljepblêd) of MantelzorgNL (iepenet yn in nij ljepblêd).
Fluch oan: