Fluch oan:

Bankôfskriften downloade

De stappen foar it downloaden fan digitale bankôfskriften ferskille per bank. Hjirûnder fine jo per bank hoe’t jo dat dogge. Hawwe jo in rekken by in net-neamde bank of komme jo der net út? Nim dan kontakt op mei de klanteservice fan jo bank.

ABN AMRO

1. Log yn op ANB AMRO Internetbankieren.
2. Klik op ‘Zelf regelen’ yn jo persoanlike menu.
3. Klik op ‘Overzichten en afschriften’ en klik op ‘rekeningafschriften downloaden’
4. Kies foar wa’t jo downloade wolle (dat is jo eigen namme; by in en/of rekken kin ek keazen wurde foar de partner)
5. Kies de rekken, sparrekken of betelrekken
6. Kies by type ‘rekeningafschrift’.
7. Fink de moannen oan dy’t jo downloade wolle en klik op ‘selectie downloaden’
9. De ôfskriften wurde automatysk yn de map downloads opslein
10. As jo meardere ôfskriften tagelyk downloade, wurdt it opslein as zip bestân, dit bestân moatte jo sels útpakke

ING

1. Log yn op Mijn ING en klik op ‘Service’
2. Klik ûnder ‘Je downloads & Overzichten’ op ‘Af- en bijschrijvingen downloaden’
3. Selektearje it juste rekkeningnûmer
4. Selektearje de perioade
5. Kies foar bestânsformaat PDF
6. Klik op ‘Downloaden naar bestanden’. De PDF wurdt automatysk opslein

Rabobank

1. Log yn op Rabobank Internetbankieren.
2. Selektearje de juste rekken.
3. Klik op ‘Download transacties en afschrift’ rjochts yn it menu.
4. Klik in perioade oan om it ôfskrift te downloaden.
5. Iepenje de PDF en kies foar opslaan of útprintsjen.

SNS Bank

1. Log yn op SNS Internetbankieren.
2. Gean nei ‘Bekijk bij- en afschrijvingen’.
3. Selektearje de perioade.
4. Kies ‘Print pdf’.
5. Kies ‘Openen’.

ASN

1. Log yn by ASN
2. Gean nei ‘Zelf regelen’ dan nei ‘Rekeningen’
3. Kies ‘Bij- en afschrijvingen downloaden’
3. Kies de winske perioade
4. Klik op ‘download’
5. Slaan de PDF op

Triodos

1. Log yn op Internet Bankieren
2. Gean nei ‘Zelf regelen’
3. Kies ‘Download’
4. Kies ‘Rekeningafschriften’.
5. Jo downloade jo ôfskriften as pdf-bestân.

BUNQ

1. Gean yn de app nei ‘Rekeningen’ en kies de rekkening dêr’t jo it ôfskrift fan hawwe wolle
2. Klik rjochts boppe op ‘instellingen’
3. Nei ûnderen scrolle en kies foar ‘exporteer rekeningoverzicht’
4. Yn dit skerm kieze jo de perioade dêr’t jo de ôfskriften fan wolle
5. Kies by it formaat PDF-formaat
6. Klik op it pylkje ‘exporteer overzicht’ op Android of ‘exporteer’ op IOS
7. Jo kinne de ôfskriften nei jo sels maile en printsje of downloade.

Regiobank

1. Log yn op Mijn RegioBank
2. Gean nei ‘Zelf regelen’
3. Gean nei ‘Rekeningen’
4. Gean nei ‘downloaden transacties’
5. Kies de rekkening(en) dêr’tst de ôfskriften fan downloade wolst
6. Jou oan om hokker perioade it giet
7. Klik dan foar bestânsformaat ‘PDF’ en klik op ‘downloaden’
8. Kinst der no foar kieze om de PDF te printsjen of op te slaan

KNAB

1. Log yn op KNAB
2. Klik op de rekkening dêr’t jo de ôfskriften fan downloade wolle
2. Klik op it tabblêd ‘Afschriften’
3. Kies it jiertal en de moanne
4. It ôfskrift wurdt automatysk opslein yn de map downloads

Paypal

1. Log yn by paypal
2. Gean nei ‘activiteiten’
3. Klik op it download-ikoantsje (pylkje nei ûnderen)
4. Klik op ‘aangepast’
5. Klik op ‘betalingen’
6. Klik op ‘overzichten-maandelijks en aangepast’
7. Kies by ‘geschiedenis’ op de frege moannen ûnder PDF (opfreegje)
8. Wachtsje oant de oanfraach klear is en klik op ‘downloaden’.
9. It ôfskrift wurdt automatysk opslein yn de map downloads.