Lisplakken Suderbuorren
De gemeente Ljouwert hat de ôfrûne tiid ûndersocht hoe’t bewenners tinke oer de takomst fan de lisplakken oan de Langesân. Hjirfoar is in enkête holden ûnder bewenners fan de direkt belutsen strjitten: Braksân, Frouwesân, Langesân, Moleplaat, Noarder Stienplaat, Skûtesân, Suder Stienplaat, Ytsjesân en De Hoek. Dizze strjitten binne meinommen yn it ûndersyk, om’t sy ticht by de lokaasje lizze en mooglik gefolgen fernimme fan de lisplakken.
Utkomsten enkête
Yn totaal hawwe 268 bewenners de enkête ynfuld. De mieningen yn de wyk ferskille.
Op de fraach oft de lisplakken oan de Langesân bliuwe moatte, antwurdet 56,7% ja, 34,9% nee en 8,4% hat gjin miening. Dat lit sjen dat in soad bewenners de lisplakken behâlde wolle, mar dat der ek soargen binne oer de situaasje en de takomst fan dit plak. Ek is frege hoe’t de lisplakken regele wurde moatte as se bliuwe. 71,7% kiest foar in abonnemintsysteem. 16,3% wol frije lisplakken sûnder regels. 65,3% fynt dat bewenners sûnder eigen lisplak as earste oan bar komme moatte.
Ynrinjûn
Op 13 maaie fan 19.00 oant 21.00 oere is der in ynrinjûn yn wykgebou Markant. Op dizze jûn kinne bewenners fragen stelle, oandachtspunten meijaan en yn petear gean oer de plannen.
Nei de ynrinjûn giet de gemeente fierder mei de oanfraach fan de fergunning. Dêrby sjocht de gemeente nei de útkomsten fan de enkête, de reaksjes út de buert en de útkomsten fan de ynrinjûn.
Faak stelde fragen
Mear fragen en antwurden oer de lisplakken fine jo yn it dokumint Faakstelde fragen oer de lisplakken oan de Langesân.
Hoe fierder?
De gemeente sjocht dat bewenners ferskillend tinke oer de lisplakken oan de Langesân. De measte bewenners wolle dat de lisplakken bliuwe, mar der binne ek soargen yn de buert.
Dêrom start de gemeente in proef fan 2 jier mei in abonnemintsysteem. Yn dy perioade jilde dúdlike regels en wurdt sjoen wat dit betsjut foar de buert, feiligens en it gebrûk fan it wetter.
Dêrnei beslút de gemeente oft dizze oanpak bliuwt of oanpast wurdt.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: