Fluch oan:

Nije Europeeske regels foar betelle politike reklame

Sûnt 10 oktober 2025 binne der nije Europeeske regels foar politike reklame. Yn dy regels stiet dat der dúdlike ynformaasje jûn wurde moat oer wa’t de reklame makket en hokker gegevens brûkt wurde. It doel is om politike advertinsjes earliker en begrypliker te meitsjen.
Politike partijen moatte by elke advertinsje in dúdlik label pleatse. Ek moatte syn in ferklearring hawwe dêr’t yn stiet wa’t de ôfsinder is, wa’t derfoar betellet, hokker doelgroep keazen wurdt en by hokker ferkiezing de advertinsje heart. Gean foar mear ynformaasje nei de webside fan de VNG.

Wat is ferbean

It is net tastien om stickers, ferve, posters of pamfletten op iepenbiere plakken oan te bringen. Dat stiet yn de regels fan de gemeente (APV). Ek is it ferbean om wat te bouwen sûnder omjouwingsfergunning. Dat stiet yn de Omjouwingswet.
Dêrmei meie politike uteringen net fêstmakke wurde oan gebouwen, peallen of oare fêste objekten. Dizze uteringen wurde nammentlik sjoen as lytse bouwurken, en dêrfoar is in fergunning nedich.

Wat is tastien

Oersjoch fan de mooglikheden foar politike uteringen

Foar de opsjes b oant en mei f hat de gemeente ôfspraken mei reklameburo’s. Op de websites fan dizze buro’s fynst mear ynformaasje. Under mear hoe’tst in oanfraach dwaan kinst.

a. Gemeentlike doeken;
Op ferskillende plakken hingje doeken dêr’t “posters” op stean. Dy doeken binne al pleatst. De betingsten binne foarôf oan alle partijen jûn.
b. Reklamedisplays yn mupi’s;
Dat binne displays lâns belangrike diken. Gean foar mear ynformaasje nei de website fan Bauer Media Outdoor.
c. Reklamedisplays oan lege ljochtmêsten;
Gean foar mear ynformaasje nei de website fan Centercom.
d. Reklamedisplays oan hege ljochtmêsten;
Gean foar mear ynformaasje nei de website fan NPB Media.
e. Y&M digitale billboards;
Gean foar mear ynformaasje nei de website fan YNM.

f. Reklame yn abri’s (bushokjes);
Gean foar mear ynformaasje nei de website fan Global Nederland
g. Iepenbiere oanplakpeallen;
Hjir jilde de folgjende regels:

  • allinnich it diel ûnder de huodderâne mei beplakt wurde;
  • hâld rekken mei-inoar; plak gjin posters oer oare posters hinne;
  • plak net ûnbeheind posters;
  • plak allinnich op de oanplakpeallen. Op oare plakken plakke is ferbean;
  • meitsje de foly net los en ferwiderje dy net.

Lokaasjes fan de oanplakpeallen

Winkelsintrum Camminghabuorren, Winkelsintrum Bilgaard, Harnzerstrjitwei-Poptawei, Winkelsintrum Nijlân, Winkelsintrum Cambuurplein, Stasjonsplein, Suderplein, Arendstún, Froupoartsbrêge, Ferlaatsbrêge en Rengersleane.

h. Flyers ferspriede;
Flyers útdiele mei. Yn de gemeente Ljouwert jildt in opromplicht. Dat betsjut datst sels ferantwurdlik bist foar it opromjen fan achterbleaune flyers. Soargje der dus foar dat de omjouwing skjin bliuwt en der gjin swalkôffal ûntstiet.

i. Spandoeken yn de iepenbiere romte;
Spandoeken binne tastien, mar allinnich as: se gjin skea feroarsaakje oan objekten, én se feilich binne foar it ferkear (bygelyks gjin behindering fan it sicht of te leech hingje).

Gearfetsjend

Politike partijen moatte har hâlde oan de regels út de APV, it Omjouwingsplan, de Wolstânseasken en it reklamebelied. Oare politike uteringen yn de iepenbiere romte binne net tastien. Wy freegje alle dielnimmende partijen driuwend om har oan dizze regels te hâlden. As in partij him net oan de regels hâldt, sprekke wy dy partij earst dêrop oan. As dat net helpt, kin de gemeente ekstra maatregels nimme.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.