Wêrom brûke wy jo persoansgegevens
Wy brûke jo persoansgegevens om jo sa goed mooglik te helpen, jo fragen te beantwurdzjen of om produkten en tsjinsten oan jo te leverjen. Mar soms ek om’t it wetlik ferplichte is.
Persoansgegevens
Wy hawwe in soad taken. Faak hawwe wy jo persoansgegevens nedich om dizze taken útfiere te kinnen.
Persoansgegevens binne gegevens dy’t wat oer jo fertelle, lykas jo namme, adres, telefoannûmer en wenplak. Ek in kenteken, IP-adres, jo Boargerservicenûmer (BSN), finansjele gegevens of ynformaasje oer jo sûnens hearre hjirby.
It ferwurkjen fan persoansgegevens begjint as jo jo ynskriuwe by ús oant de oanjefte fan ferstjerren ta. Elkenien komt op ferskate manieren mei ús yn kontakt. Oft jo no ynwenner, ûndernimmer of besiker binne.
Kontakt mei de gemeente.
Jo kinne op ferskate manieren kontakt mei ús opnimme. Jo kinne belje, e-maile, in kontaktformulier ynfolje of lânskomme op it gemeentehûs. Soms hawwe wy jo persoansgegevens nedich. Bygelyks om in folder ta te stjoeren, in fraach oer in fergunning te beantwurdzjen of om jo werom te beljen.
Sosjale media
Wy binne berikber fia sosjale media. Dat is net altyd feilich. Wy hawwe gjin ynfloed op de manier wêrop’t sosjale media omgean mei jo persoansgegevens. Dêrom riede wy oan om sa min mooglik persoanlike gegevens fia sosjale media te dielen.
Hawwe jo fragen oer in beskikking, fergunning of dossier? Dan jouwe wy gjin antwurd fia sosjale media. Wy wolle wis wêze wa’t jo binne. Lit jo telefoannûmer efter, dan belje wy jo werom. Wy stelle in pear fragen om te kontrolearjen oft wy mei de juste persoan prate.
Basisregistraasjes
Wy moatte yn ferskillende systemen basisgegevens fêstlizze. Dit neame wy basisregistraasjes. Bygelyks de Basisregistraasje Persoanen (BRP), de Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG) en de Basisregistraasje Wurdearring Unreplike Saken (WOZ).
Belestingen en heffingen
As jo yn de gemeente Ljouwert wenje of ferbliuwe, betelje jo gemeentlike belestingen. Dit is regele yn de wet. Bygelyks ûnreplik saakbelesting, ôffalstoffeheffing, rioelheffing, hûnebelesting of toeristebelesting.
Soms kinne jo frijskatting oanfreegje of jo kinne in betellingsregeling mei ús ôfprate. Hjirfoar hawwe wy jo persoansgegevens nedich.
Soarch, ûnderwiis en jeugd
Wy helpe jo mei soarch, ûnderwiis en jeugd. Wy biede help bhy it skjinhâlden fan jo wenning, ferfier en helpmiddels om selsstannich wenjen bliuwe te kinnen.
Dêrneist helpe wy by opfiedingsproblemen, jeugdsoarch, learlingeferfier en berne-opfang. Ek kontrolearret de learplichtamtner oft bern dy’t learplichtich binne, nei skoalle gean.
Foar dizze taken hawwe wy jo persoansgegevens nedich. Sa kinne wy jo goed helpe en soargje wy dat alles neffens de regels bart.
Wurk, útkearing en skulden
Wy helpe jo mei jildsaken. Bygelyks by it sykjen nei in baan, it oanfreegjen fan in útkearing of by skulden. Dizze help is regele yn ferskillende wetten.
Om jo goed te helpen, brûke wy jo persoansgegevens. Sa kinne wy sjen oft jo rjocht hawwe op bepaalde foarsjenningen. As jo skulden hawwe, krije wy berjocht as jo jo hier, enerzjyrekken of soarchfersekering net mear betelje.
Mei-inoar sjogge wy nei oplossingen en hoe’t jo jo jildsaken wer op oarder krije.
Fergunningen en ûntheffingen
In fergunning of ûntheffing freegje jo by ús oan. Bygelyks in omjouwingsfergunning, in fergunning foar hoareka of parkearen, of in ûntheffing foar it laden en lossen yn de stêd.
Hokker persoansgegevens oft wy nedich hawwe foar it ôfhanneljen fan in oanfraach hinget ôf fan de fergunning of ûntheffing. Dat is fêstlein yn ’e wet en oare regels.
Hanthavening, tafersjoch en feiligens
Wy soargje foar in feilige en noflike leefomjouwing yn de stêd en doarpen. Wy hâlde tafersjoch en nimme maatregels om de iepenbiere romte feilich te hâlden. Bygelyks it sluten fan drugspannen en it pleatsen fan kamera’s om de iepenbiere oarder te bewekjen. Ek helpe wy de plysje by it opspoaren fan strafbere feiten en probearje wy kriminaliteit foar te kommen.
Dit dogge wy foar jo feiligens en dy fan jo omjouwing. Hjirfoar hawwe wy soms jo persoansgegevens nedich, sadat wy ús taken goed útfiere kinne.
Oare situaasjes
Der binne ek oare situaasjes wêrby’t wy jo persoansgegevens ferwurkje. Bygelyks as jo beswier meitsje, in klacht yntsjinje of in nijsbrief fan de gemeente ûntfange. Mar ek as wy in enkête tastjoere of jo útnûgje foar in byienkomst om jo te ynformearjen oer in projekt of wurksumheden yn jo buert.
Hokker persoansgegevens brûke oare oerheidsynstânsjes
Gean dan nei de webside fan de Oerheid. Op de webside fan de Rijksoverheid stiet hokker organisaasjes jo persoansgegevens út de BRP krije.
Mear ynformaasje
Gean nei de pagina Privacyferklearring.