Subsydzje Mei-inoar Libje, Mei-inoar Sûn
Mei de subsydzje Mei-inoar Libje, Mei-inoar Sûn ûndersteunt de gemeente Ljouwert lytse bewennersinisjativen dy’t bydrage oan in noflike leefomjouwing en in sûnere libbensstyl. Hawwe jo in idee dat hjiroan bydraacht? Freegje subsydzje oan.
Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it formulier Subsydzje Mei-inoar Libje, Mei-inoar Sûn en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Betingsten
- It idee helpt om de buert fijner te meitsjen of om minsken sûner libje te litten.
- It inisjatyf is foar in soad minsken yn de buert, bygelyks jongerein, âlderein of gesinnen. It mei net allinnich foar in lytse groep wêze.
- Bewenners en organisaasjes út de wyk dogge aktyf mei mei it plan en de útfiering. Bygelyks fia byienkomsten, wurkgroepen of mienskiplike aktiviteiten.
- As it nedich is, besykje jo ek oare foarmen fan finansiering te finen.
- Jo inisjatyf hat gjin fêste finansjele stipe nedich fan de gemeente.
Hichte subsydzje
It maksimale subsydzjebedrach is € 1.000,- per oanfraach.
Ofhanneljen oanfragen
- Oanfragen dy’t kompleet yntsjinne binne, wurde ôfhannele op folchoarder fan ynkomst.
- Is in oanfraach noch net kompleet? Dan moatte jo dy earst oanfolje.
- Foar dizze subsydzje jildt: wa’t it earst komt, wa’t it earst mealt.
Fragen of mear ynformaasje
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Regeling subsydzje Mei-inoar Libje, Mei-inoar sûn.