Fluch oan:

Oer it projekt

Yn Brussel wurdt in nij enerzjysysteem boud dat waarmte út ôffalwetter brûkt. Be.SHARE past goed by de plannen fan Ljouwert, dêr’t wy de waarmte fan it ôffalwetter brûke wolle om gebouwen te ferwaarmjen. Dit projekt krijt subsydzje fan de Europeeske Uny, fia it European Urban Initiative (EUI).

Hoe dogge wy dat?

Troch kennis en ûnderfining út Brussel nei Ljouwert te heljen. Sa leare wy hoe’t wy waarmte dy’t oars ferlern giet, ynsette kinne foar wenningen en bedriuwen yn ús stêd.

Wêr rjochtet it projekt him op?

  • Werbrûken fan waarmte út ôffalwetter en oare duorsume boarnen.
  • Benutten fan duorsume enerzjy yn de stêd.
  • Ferwaarmjen en kuoljen fan ferskillende soarten gebouwen (kantoaren en wenningen).
  • Gearwurking tusken gemeente, bedriuwen en bewenners.

Wêr sille wy Be.SHARE foar brûke?

Mei Be.SHARE leart Ljouwert fan Brussel. Wy dogge lytse ûndersiken en brûke de kennis om plannen foar ús stêd te meitsjen. Dit draacht by oan it duorsum ferwaarmjen fan gebouwen yn Ljouwert.

Projektperioade

It projekt set útein yn oktober 2025 en rint oant healwei 2028.

Totaal projektbudzjet

Ljouwert krijt binnen Be.SHARE € 120.000 subsydzje fan de EU. De gemeente leit dêr sels noch € 30.000 by.