Fluch oan:

Wat jouwe jo oan ús troch

  • de troudatum;
  • oft jo in budzjet of kosteleas houlik of registrearre partnerskip wolle;
  • de tsjûgen.

Dêrnei rûnje jo de melding ôf mei de betelling fia iDEAL (dit jildt allinnich foar in budzjet houlik).

Wat hawwe jo nedich?

Understeande dokuminten moatte jo meistjoere mei de oanfraach. Soargje derfoar dat jo dy digitaal klearstean hawwe foar’t jo it formulier ynfulle.

  • kopy ID-bewiis fan jo en jo partner;
  • kopy ID-bewiis fan alle tsjûgen.

Melding trochjaan

Beskikbere mominten

Hâld der rekkening mei dat der op koarte termyn mooglik gjin plak is, foaral by kosteleaze houliken is der in wachttiid.

  • De beskikbere mominten foar in budzjet seremoanje binne: moandei, tiisdei of tongersdei om 10:00 of 11:00 oere.
  • De beskikbere mominten foar in kosteleaze seremoanje binne: moandei om 09:00, 09:15 of 09:30 oere.

Befêstiging

De datum en it tiidstip binne pas definityf nei’t wy dy kontrolearre hawwe en jo hjirfân yn in brief in befêstiging krigen hawwe.

Datum feroarje kostet jild

As jo efterôf de datum feroarje wolle, dan kostet jo dat jild.

Tsjûgen

Jo moatte minimaal 2 en maksimaal 4 tsjûgen opjaan. In tsjûge moat 18 jier of âlder wêze. In tsjûge hoecht net de Nederlânske nasjonaliteit te hawwen. Hawwe jo gjin tsjûgen, dan is it ek mooglik om 2 tsjûgen fan de gemeente oan te freegjen. Dat kostet jild.

Gegevens fan jo âlden

Om in melding dwaan te kinnen moatte de gegevens fan jo âlden bekend wêze by de gemeente Ljouwert. As jo yn it bûtenlân berne binne, is dit mooglik net automatysk registrearre. Jo kinne dit kontrolearje fia de webside fan MijnOverheid.

Mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.