Mei-inoar wurkje oan nij belied foar wenweinen
De gemeente hat nij belied foar wenweinen yn Ljouwert. Op dizze side fine jo mear ynformaasje oer wat wy al dien hawwe, wat der feroaret en wat wy noch dwaan sille.
Wat hawwe wy oant no ta dien
- Yn jannewaris 2025 binne wy úteinset mei in ûndersyk nei de winsken fan wenweinbewenners.
- Yn juny 2025 ha wy de resultaten dield.
- Dêrnei praten wy mei bewenners oer de útkomsten en oer wat noch ûndúdlik wie.
- Yn febrewaris 2026 hat de gemeenteried fragen steld oer it nije belied.
- Yn maart 2026 hat it kolleezje it nije belied definityf fêststeld.
Wat is it nije belied
- Mear romte foar wenweinen Elkenien dy’t yn in wenwein wenje wol, moat dêr de kâns foar krije. Wachtsjen mei net langer duorje as by sosjale hierwenningen.
- Mear steanplakken
- De gemeente wol ûngefear 30 nije steanplakken meitsje.
- Der komme 1 of 2 lokaasjes:
- 1 foar merkefamyljes
- 1 foar oare famyljes
- Ien behearsorganisaasje
- No binne der twa behearders: de gemeente en WoonFriesland Straks komt der 1 behearder dy’t alles regelet: ferhier, ynskriuwing en ferdieling.
- Ferdieling fan steanplakken De folchoarder fan ferdielen foar in steanplak is:
- 1e graads famyljeleden: âlden, partner, bern.
- 2e graads famyljeleden: bruorren, susters, pakes en beppes, bernsbern en (skoan)âlden.
- Persoanen út in wenweinmienskip dy’t yn Ljouwert wurkje.
- Oare persoanen dy’t yn Ljouwert wurkje.
Dy’t it langst ynskreaun stiet hat binnen groep 1, 2, 3 en 4 foarrang. In ynkommen út de merke is net mear nedich.
- Better kontakt mei bewenners
- der komt in fêste kontaktpersoan;
- yn ’e mande mei bewenners sjogge wy wa’t har belangen fertsjintwurdigje kin.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat de Notysje fan útgongspunten wenweinen en steanplakken Gemeente Ljouwert (diel A) ynklusyf de taljochting (diel B), útfieringsaginda (diel C) en de skriftlike reaksje op de opmerkingen en fragen fan de ried oer de ûntwerpnotysje definityf fêststeld. De dokuminten fine jo op de website Bestjoerlike Ynformaasje (iepenet yn in nij ljepblêd).
Undersyk
De earste stap wie in ûndersyk (iepenet yn in nij ljepblêd). Kinne jo it dokumint net goed lêze? Nim dan kontakt mei ús op. De gemeente woe witte hoefolle minsken der graach in wenweinplak ha wolle. Hast 90% fan ’e bewenners en belangstellenden fan de 4 wenweinlokaasjes yn Ljouwert hat meidien oan it ûndersyk.
Wichtichste útkomsten fan it ûndersyk
- der binne in soad minsken dy’t in wenweinplak ha wolle: 44 folwoeksenen en 14 bern wolle der ien binnen no en 8 jier.
- de helte fan dizze minsken wol sa fluch mooglik in plak.
- de measte minsken wolle graach op in plak wenje dat al bestiet. ds dat net kin, is in nij plak ek goed.
- in soad minsken wolle graach by famylje wenje.
- de measte minsken dy’t no in plak hawwe, wolle dêr wenjen bliuwe.
- in soad minsken wolle mear útlis oer hoe’t de plakken ferdield wurde, hoe’tst dy ynskriuwe kinst en hoe’t it ûnderhâld regele wurdt.
- in soad bewenners fine dat it kontakt mei de gemeente better kin.
Wat dogge wy no?
- 2026: Ofspraak meitsje foar fertsjintwurdigers fan belangen fan wenweinbewenners.
- 2026: Undersyk nei nije lokaasjes.
- 2026 – 2027: Petearen oer 1 behearder.
- 2031 – 2033: Nije steanplakken klear.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: