Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Feriening fan Eigeners en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije

  • Gevelisolaasje
  • Spoumuorre-isolaasje
  • Dakisolaasje
  • Souder/flieringisolaasje
  • Flierisolaasje
  • Boaiemisolaasje
  • HR++-glês/tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar mei kezyn. Foar nije (keunststof) rútkezinen kinne jo gjín subsydzje krije. Keapje jo nij glês en nije rútkezinen? Dan hawwe wy in offerte nedich dêr’t de kosten foar allinnich it glês apart op oanjûn stiet.

Jo krije allinnich subsydzje foar de wenningen dy’t grinzje oan de keazen isolaasjemaatregel(s). De isolaasjemaatregels moatte útfierd wurde nei 1 jannewaris 2024 en moatte klear wêze binnen 12 moannen nei de oanfraach. De subsydzjeoanfraach moat troch de gemeente ûntfongen wêze fóár 1 jannewaris 2028.

Betingsten subsydzje

  • Yn it VvE-gebou sit minimaal 1 wenning dy’t eigendom is fan de bewenner sels.
  • De VvE befynt him yn de gemeente Ljouwert.
  • Per VvE kin 1 kear gebrûk makke wurde fan dizze subsydzje.
  • Tenminste twa fan de besteande boudielen fan de wenningen yn de VvE binne net of min isolearre. De 4 mooglike boudielen binne 1. flier/boaiem, 2. de gevel (dêrûnder spoumuorre), 3. it dak/solder/fliering en 4. de ruten/doarren.

Foar it totale subsydzjebedrach telle útslutend de folgjende wenningen mei:

  • De wenningen hawwe in WOZ-wearde fan € 350.000,- of leger (peildatum 1 jannewaris 2022).
  • De wenningen grinzje oan it boudiel dat fan isolaasje foarsjoen wurdt.
  • De wenningen dy’t noch gjin subsydzje krigen hawwe út de Subsydzjeregeling eigen wenning.

Betingsten isolaasjemaatregels

De isolaasjemaatregels dy’t jo útfiere of útfiere litte, moatte oan in oantal betingsten foldwaan. Foar alle maatregels jildt dat it materiaal op de meldkoadelist fan de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) stean moat. Jo fine dizze meldkoadelisten op de webside fan de RVO. Dit giet om normale wenningen. Foar monuminten sjoch de bylage fan de subsydzjeregeling op de webside fan Overheid.nl (lokaal).

Gevelisolaasje (mei meldkoade)

  • Per wenning wurdt op syn minst 10 kante meter fan it besteande oerflak fan de binnen- of bûtengevel isolearre.

Spoumuorre-isolaasje (mei meldkoade)

  • Per wenning wurdt op syn minst 10 kante meter fan it besteande oerflak fan de spoumuorren isolearre.

Dakisolaasje of souder- of flieringisolaasje (mei meldkoade)

  • Minimaal 70% fan it besteande dak wurdt isolearre. Of as de souder of fliering net ferwaarme is, wurdt op syn minst 70% fan it oerflak fan de besteande souder- of flieringflier isolearre.

Flier- of boaiemisolaasje (mei meldkoade)

  • Op syn minst 70% fan it oerflak fan de besteande flier of de besteande boaiem fan it hiele gebou wurdt isolearre.

Glês-, kezynpaniel- of doarisolaasje (mei meldkoade)

  • Per wenning wurdt op syn minst 3 kante meter fan it besteande oerflak ferfongen.

Ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje

Wy wolle bisten beskermje dy’t yn huzen wenje kinne, lykas flearmûzen. Derôm jilde der ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje.

  • By grûnbûne wenningen (lykas iengesinswenningen) is in eDNA-ûndersyk nedich. Dat kin jild kostje.
    • As de eDNA test negatyf is, is der subsydzje foar spoumuorre-isolaasje.. Omdat der gjin spoaren fan flearmûzen fûn binne, mei de spoumuorre direkt isolearre wurde. De kosten fan de negative test wurde ek fergoede.
    • As de eDNA test posityf is, krije jo gjin subsydzje foar spoumuorre-isolaasje. Yn dat gefal is der wol DNA fan flearmûzen fûn. Dêrom mei de spoumuorre net isolearre wurde. De kosten fan de negative test wurde net fergoede.
  • Dakisolaasje fan bûtenôf is allinnich tastien mei in omjouwingsfergunning. De omjouwingsfergunning freegje jo oan by de provinsje Fryslân. In plat dak mei wol isolearre wurde sûnder omjouwingsfergunning.
  • Foar net-grûnbûne wenningen (lykas duplekswenningen, apparteminten en flats) is in omjouwingsfergunning nedich. De omjouwingsfergunning freegje jo oan by de provinsje Fryslân

Mear ynformaasje

Wolle jo mear witte oer eDNA ûndersyk en wat al en net mei by isolearjen? Gean nei de webside fan de provinsje Fryslân.

Hichte subsydzje

Jo kinne maksimaal € 2.150 per wenning oanfreegje. Foar in monumint is dit maksimaal € 2.500. As jo biobased isolaasjemateriaal brûke, dan kinne jo de subsydzje mei 10 prosint ferheegje oant in maksimum fan € 200,- per wenning. Dit jildt foar normale en monumintale wenningen. Brûke jo foar in maatregel in kombinaasje fan subsydzjes wêrtroch’t it totaal oan subsydzjes heger is as de kosten? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels fergoede krije. As jo de subsydzje oanfrege hawwe, krije jo in befêstiging dat wy it ûntfongen hawwe. Jo hearre binnen 8 wike fan ús.

Hawwe de wenningeigeners fan de te isolearjen wenningen in leech ynkommen? Dan kinne sy noch oare subsydzjes oanfreegje.

  • Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels
    • Dizze Subsydzje Enerzjybesparjende wenningmaatregels fan de gemeente Ljouwert hat as ekstra betingst dat de wenning in WOZ-wearde leger as € 268.000,- (peildatum 1-1-2022) hat én dat de wenningeigener in leech ynkommen hat (net heger as € 48.625 bruto yn it jier). Mooglik kin de wenningeigener fan beide subsydzjes gebrûk meitsje. Dizze subsydzje moat yndividueel oanfrege wurde.
  • Subsydzje foar ferduorsuming foar feriening fan eigeners (SVVE)
    • Jo kinne mei de feriening fan eigeners (VvE) subsydzje oanfreegje om jou gebou enerzjysuniger te meitsjen. It giet om de Subsydzje foar ferduorsuming foar feriening fan eigeners (SVVE). Mear ynformaasje fine jo op de webside Rijksdienst voor Ondernemend Nederland.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach

De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:

  • Offerte(s) fan de út te fieren maatregels.
  • In begrutting dêr’t (ynklusyf de ferwachte subsydzje) in helbere finansiering út blykt.
  • Beslút(en) fan de Algemiene Gearkomste dy’t ynstimt mei de oanfraach fan de subsydzje en mei de útfiering fan de maatregels (eventueel ûnder foarbehâld fan subsydzjeferliening).
  • Boutekeningen of oare dokuminten dy’t ynsichtlik meitsje hokker wenningen grinzje oan de te isolearjen boudielen.
  • Dokuminten dêr’t út blykt dat op syn minst ien fan de wenningen yn besit is fan in eigener-bewenner.
  • In ynfulde de-minimisferklearring fan elke ûndernimming dy’t ien of mear fan de wenningen yn eigendom hat en finansjeel foardiel hawwe soe as de oanfraach tawiisd wurdt.

Wat te dwaan as de isolearjende maatregels útfierd binne

Jo stjoere it deklaraasjeformulier dat jo krigen hawwe nei jo oanfraach werom en jo dogge de faktueren derby. Dit moat binnen 4 wike nei ûntfangst fan de faktueren fan de isolaasjemaatregels.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling wenningisolaasje foar ferieningen fan eigeners gemeente Ljouwert.

Fragen of mear ynformaasje

Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert.
Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.