Urginsjeferklearring Fryske gemeenten
Soms hawwe jo fluch in oare wenning noadich. Bygelyks omdat jo slimme medyske problemen hawwe, dakleas binne of in soarchynstelling ferlitte. Yn dy bysûndere situaasjes kinne jo miskien in urginsjeferklearring krije. Op dizze pagina fine jo mear ynformaasje en kinne jo jo oanmelde. Dit jildt foar alle 18 Fryske gemeente.
Hawwe jo driuwend in oare wenning noadich
Mei in urginsjeferklearring krije jo foarrang by it sykjen nei in sosjale hierwenning. Dit betsjut dat jo flugger oan ‘e beurt binne. Jo kinne allinnich in urginsjeferklearring krije as jo hiel driuwend in oare wenning noadich hawwe. Der binne regels foar it krijen fan in urginsjeferklearring. Net elkenien krijt in urginsjeferklearring. De 18 Fryske gemeenten, wenningkorporaasjes en organisaasjes dy’t minsken helpe wurkje gear. Sy meitsje ôfspraken oer de urginsjeferklearring. De regels stean yn de wet.
Betelje net foar help by in oanfraach
Der binne kommersjele buro’s dy’t oanbiede om tsjin betelling in urginsjeoanfraach foar jo te regeljen, dat is net noadich. Omdat:
- it fergruttet jo kâns op in urginsjeferklearring net.
- Alle oanfragen wurde op deselde manier beoardiele.
- Help fan de gemeente of in maatskiplik wurker is gratis.
Kom ik yn oanmerking foar in urginsjeferklearring
Jo kinne in urginsjeferklearring oanfreegje as jo hiel driuwend in oare wenning ha moatte en sels gjin oare oplossing hawwe.
De folgjende groepen kinne mooglik in urginsjeferklarring krije:
- minsken dy’t mantelsoarch ûntfange of ferliene;
- minsken dy’t fanwegen in slime en groanyske medyske situaasje driuwend oare húsfêsting noadich hawwe;
- minsken dy’t útstreame út maatskiplike opfang;
- minsken dy’t útstreame út beskerme wenjen;
- minsken dy’t útstreame út de geastlike sûnenssoarch;
- minsken dy’t útstreame út jeugdhelp mei ferbliuw;
- minsken dy’t útstreame út detinsje;
- minsken dy’t útstreame út de opfang foar slachtoffers fan húslik geweld of minskehannel;
- minsken dy’t dielnimme oan in útstapprogramma foar ophâldende sekswurkers;
- Statushâlders.
Dakleaze gesinnen mei minderjierrige bern
Foar gesinnen mei minderjierrige bern dy’t dakleas binne, wurkje wy oan in oanfullende regeling. Dat dogge wy yn oparbeidzjen mei organisaasjes dy’t hjirby belutsen binne. It doel is om dizze groep fan 2027 ôf ek yn oanmerking komme te litten foar in urginsjeferklearring.
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach
By in oanfraach hawwe jo noadich:
- jo DigiD;
- in jildich identiteitsbewiis (wannear’t jo de oanfraach net digitaal oanfreegje);
- in bewiis fan ynskriuwing as wenningsykjende.
Oanfullende dokuminten
Der binne dokuminten noadich dy’t jo situaasje ûnderbouwe. Ofhinklik fan jo situaasje kin dat wêze:
- in medyske ferklearring;
- stikken oer in skieding of relaasjebeëiniging;
- in ferklearring fan in helpferliener;
- bewiis fan ferbliuw yn in opfang- of soarchynstelling; oare relevante dokuminten.
Oanfreegjen urginsjeferklearring
Ynkoarten fine jo op dizze pagina it digitale oanfraachformulier. Ful dizze tegearre mei jo begelieder of helpferliener yn as jo dy hawwe. De dokuminten dêr’t om frege wurdt moatte jo oan de oanfraach taheakje.
Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje
Ynkoarten fine jo op dizze pagina it pdf- oanfraachformulier. Jo kinne it formulier opstjoere nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.
Beoardieling fan jo oanfraach
Wy besjogge jo oanfraach goed. Soms freegje wy advys oan bygelyks in dokter, helpferliener of oare saakkundige.
Beslút fan jo oanfraach
Jo ûntfange skriftlik berjocht.
Urginsje takend
Der wurdt in wenning foar jo socht. Hoe fluch oft dit giet hinget ôf fan de beskikberheid en spesifike easken dy’t oan de wenning steld wurde.
Urginsje ôfwiisd
Jo ûntfange skriftlik útlis fan ús. Binne jo it net iens mei it beslút op jo oanfraach? Dan kinne jo binnen 6 wike in beswierskrift yntsjinje.
Rjochten en plichten
Jo rjochten
- jo krije in soarchfâldige beoardieling fan jo oanfraach;
- jo ûntfange in dúdlike útlis oer ús beslút;
- binne jo it net iens mei it beslút’? dan kinne jo beswier meitsje.
Jo plichten
- jo ferstrekke ynformaasje dy’t kloppet en folledich is;
- jo jouwe wizigingen yn jo situaasje direkt troch;
- jo bliuwe ek sels aktyf sykjen nei in passende wenning wannear’t wy jo oanfraach foar in urginsjeferklearring ûntfongen hawwe;
- jo nimme in wenning oan dy’t by jo past as dy oan jo oanbean wurdt.
Beswier meitsje
Binne jo it net iens mei it beslút op jo oanfraach? Dan kinne jo binnen 6 wike in beswierskrift yntsjinje.
Wêrom freegje jo urginsje oan fia gemeente Ljouwert
Wenje jo yn Fryslân mar net yn de gemeente Ljouwert? Dan freegje jo jo urginsjeferklearring oan fia de gemeente Ljouwert, omdat:
- de Fryske gemeente gearwurkje;
- der 1 sintrale beoardieling fan de oanfragen plakfynt;
- hjirtroch jilde oeral deselde regels en wurdt elke oanfraach op deselde manier beoardiele.
De 18 Fryske gemeenten, wenningkorporaasjes en organisaasjes dy’t minsken helpe wurkje gear oan de Fryske Urginsjeferoardering. Dêrtroch jilde yn hiel Fryslân deselde regels foar it oanfreegjen en beoardieljen fan in urginsjeferklearring. Sa soarge wy mei-inoar foar:
- in earlike ferdieling fan sosjale hierwenning;
- gelikense behanneling fan ynwenners yn hiel Fryslân;
- stipe foar ynwenners dy’t dat noadich hawwe;
- in passende wenoplossing foar minsken yn in kwetsbere situaasje.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: