Fluch oan:

Wêrom dogge wy dit

Grutsmoargens dat dumpt wurdt soarget foar fersmoarging en ûnfeilige situaasjes. Mei de konteners yn de wyk wurdt ynset op it ferminderjen fan de hoemannichte dumpt grutsmoargens.

Wat kin brocht wurde

It folgjende meie jo lânsbringe:

Stikkene meubels en âlde apparaten.

Brûkbere spullen

Jou goede spullen in twadde libben. Buertgenoaten meie dy fergees meinimme.

It folgjende kinne jo net lânsbringe:

Gemysk ôffal, húshâldlik ôffal, itensresten of grienôffal.

Wêr stiet de kontener

  • Heechterp-Skieringen
    • Ikestrjitte – Archipelwei en Esdoarnstrjitte.
  • Frijheidswyk
    • Bruorren Wierdastrjitte en Kanadezeleane.
  • Bilgaard
    • De Kei en De Gealannen.
  • Binnenring
    • Amelânsdwinger, foarkant Prins Frederikkazerne (flakby de ûndergrûnske ôffalkontener).
  • Flietsône
    • Menno van Coehoornstrjitte by Súdfliet.

Wannear

De kontener stiet alle 14 dagen fan 12:30 oant 16:00 oere op de neamde lokaasjes. Hjirûnder fine jo de planning:

Lokaasje Data
Heechterp – Skieringen: Ikestrjitte 18 augustus
1, 15 en 29 septimber
13 en 27 oktober
10 en 24 novimber
8 en 22 desimber

5 en 19 jannewaris

Heechterp – Skieringen: Esdoarnstrjitte 27 augustus
24 septimber
22 oktober
19 novimber
17 desimber

14 jannewaris

Frijheidswyk: Bruorren Wierdastrjitte 20 augustus

17 septimber

15 oktober
12 novimber
10 desimber

7 jannewaris

Frijheidswyk: Kanadezeleane 10 en 24 augustus
7 en 21 septimber
5 en 19 oktober
2, 16 en 30 novimber
14 en 28 desimber

11 en 25 jannewaris

Bilgaard: De Kei 17 en 31 augustus
14 en 28 septimber
12 en 26 oktober
9 en 23 novimber
7 en 21 desimber

4 en 18 jannewaris

Bilgaard: De Gealannen 13 augustus
10 septimber
8 oktober
5 novimber
3 en 30 desimber

28 jannewaris

Binnenring – Amelânsdwinge
Forkant Prins Frederikkazerne
6 augustus
3 septimber
1 en 29 oktober
26 novimber
4 desimber

21 jannewaris

Flietsône – Súdfliet 11 en 25 augustus
8 en 22 septimber
6 en 20 oktober
3 en 17 novimber
1, 15 en 29 desimber

12 en 26 jannewaris

Wat makket it ekstra maklik

  • Help op lokaasje: 2 meiwurkers stean klear om te helpen en advys te jaan oer ôffalskieding en recycling.
  • Brûk in stekkarke: Foar swiere spullen kinne jo in stekkarke liene.
  • Diel en ûntdek: Gean lâns by de kontener foar brûkbere spullen dy’t in twadde libben fertsjinje.

Doch mei en meitsje in ferskil!

Romje spullen op dy’t jo net mear brûke, en draach by oan in skjinnere wyk. Dizze proef duorret oant en mei desimber 2026. Dêrnei wrudt der sjoen oft de ynset fan konteners yn de wyk suksesfol is en wat it ferfolch wêze sil. Help mei en diel dizze ynformaasje mei jo buertbewenners. De proef wurdt mei mooglik makke mei help fan Programma Ljouwert East.

Mei-inoar hâlde wy de wyk kreas en leefber.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.