Algemiene subsydzje oanfreegje
Krijt jo organisaasje elk jier of hawwe jo 1 kear subsydzje fan ús krigen? Freegje dan in algemiene subsydzje oan. It moat gean om aktiviteiten dêr’t gjin oare subsydzjeregeling foar jildt. Bestiet der in spesifike subsydzjeregeling? Freegje dan subsydzje oan fia dy spesifike pagina.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier algemiene subsydzje en ful yn. Stjoer it formulier tagelyk mei de offerte op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat binne de betingsten?
- in beskriuwing fan de aktiviteiten;
- it bedrach dat jo oanfreegje wolle;
- in begrutting fan de kosten en in taljochting dêrop;
- wy kinne jo om oanfullende gegevens freegje.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Fragen of mear ynformaasje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2025 (ASVL).
Fluch oan: