Stimme by de ferkiezingen
Op woansdei 29 oktober 2025 binne de Twadde Keamerferkiezingen. Fan 07:30 oant 21:00 oere kinne jo stimme. Nim jo stimpas en legitimaasjebewiis mei. Op syn letst ûntfange jo op 15 oktober 2025 oer de post jo stimpas.
Stimpas net ûntfongen, kwyt of beskeadige
Hawwe jo gjin stimpas krigen? Freegje dan sa gau mooglik in nije stimpas oan. Dat kin fia de webside of oan de baalje. Jo kinne de stimpas oant en mei 24 oktober 2025 online oanfreegje. Jo hawwe in DigiD nedich.
Leaver lânskomme?
Jo kinne de stimpas oant 28 oktober 2025, 12:00 oan de baalje by de ôfdieling Boargersaken oanfreegje. Jo kinne hjirfoar in ôfspraak meitsje of lânskomme. Nim jo legitimaasjebewiis mei.
Immen oars stimme litte (folmacht)
Kinne jo sels net nei it stimburo gean?
Dan kinne jo in oare kiezer freegje foar jo te stimmen. Jo moatte dy kiezer in folmacht jaan. Mei in folmacht kin de oare kiezer foar jo stimme. Dat kin op 2 manieren:
folmacht fia stimpas
In folmacht fia de stimpas kinne jo pas regelje as jo de stimpas ûntfongen hawwe. Dit kin oant op de dei fan de ferkiezingen. Op it stimburo sels kin dit net regele wurde.
Ful de efterkant fan de stimpas yn en set jo hantekening derop. Jou jo stimpas en in kopy of foto fan jo identiteitsbewiis mei oan de oare kiezer.
De oare kiezer:
- hat in stimpas fan de gemeente Ljouwert of in kiezerspas;
- stimt sels ek yn de gemeente Ljouwert;
- Leveret de folacht(en) tagelyk yn mei de eigen stimpas;
- Nimt maksimaal 2 folmachtstimmen oan.
Skriftlike folmacht
In skriftlike folmacht kinne jo no al regelje. Bygelyks omdat jo op fakânsje geane en de stimpas noch net ûntfongen hawwe. Hawwe jo gjin jildich identiteitsbewiis? Ek sûnder jildich identiteitsbewiis kinne jo oant en mei 24 oktober 2025 online in skriftlike folmacht oanfreegje. Jo hawwe in DigiD nedich. De persoan dy’t foar jo stimt moat syn hantekening meistjoere. Dizze persoan krijt in folmachtsbewiis en hoecht gjin kopy fan jo identiteitsbewiis sjen te litten.
Wolle jo stimme yn in oare gemeente? (kiezerspas)
Freegje dan in kiezerspas oan. Mei in kiezerspas kinne jo stimme yn in stimlokaal binnen Nederlân. Jo freegje in kiezerspas oan by de gemeente dêr’t jo op 15 septimber 2025 ynskreaun stiene. Jo kinne de kiezerspas oant en mei 24 oktober 2025 online oanfreegje. Jo hawwe jo DigiD nedich.
Leaver lânskomme?
Jo kinne de kiezerspas oant 28 oktober 2025, 12:00 oere oan de baalje by de ôfdieling Boargersaken oanfreegje. Jo kinne hjirfoar in ôfspraak meitsje of lânskomme. Nim jo legitimaasjebewiis mei.
Wenje jo yn it bûtenlân?
Registrearje jo dan as kiezer bûten Nederlân. Jo krije de dokuminten om te stimmen tastjoerd. Freegje jo registraasje oan fia de webside fan de gemeente Den Haach. Dat kin oant en mei woansdei 17 septimber 2025.
Binne jo tydlik yn it bûtenlân?
Jo kinne per brief stimme fanút jo tydlike (bûtenlânske) adres mei in briefstimbewiis. Jo moatte wol in bûtenlânsk postadres hawwe dêr’t jo briefstimbewiis hinne stjoerd wurde kin. Jo kinne in briefstimbewiis oanfreegje fia de webside fan de gemeente Den Haach.
Ferhuzing op of nei 15 septimber 2025
Jo kinne jo stim útbringe yn de gemeente dêr’t jo op 15 april 2025 ynskreaun stiene. Wolle jo dat net? Freegje op ’e tiid in kiezerspas oan. Mei in kiezerspas kinne jo stimme yn alle gemeente yn Nederlân (ek op Bonêre, Sint Eustatius en Saba).
Ekstra tagonklik stimburo yn de Neushoorn
Yn de Neushoorn, Ruterskertier 41, yn Ljouwert binne de folgjende foarsjenningen oanwêzich:
- in meiwurker foar help en begelieding;
- in ekstra grut stimhokje foar scootmobyls en rolstuollen;
- in tolk Nederlânske gebeartetaal fan 07:30 oant 12:00 oere;
- in stimmal mei soundbox.
Mei de stimmal en soundbox kinne kiezers dy’t net sjen kinne of min sjogge sûnder help stimme. Yn it stimburo kinne jo hjir útlis oer krije. Op de webside fan de Oogvereniging fine jo mear ynformaasje.
Ferkiezingstaksy
Kinne jo min rinne of hawwe jo in oare beheining? Mar wolle jo wol sels stimme? Meitsje dan gebrûk fan de gratis ferkiezingstaksy. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak Doch dit op ’e tiid. De ferkiezingstaksy hellet jo thús op en bringt jo nei in goed berikber stimlokaal by jo yn ’e buert. Nei’t jo stimd hawwe, wurde jo wer thúsbrocht.
Ofspraak meitsje
Jo kinne oant tiisdei 28 oktober 2025, 12:00 fia telefoannûmer 058-2800505 in ôfspraak meitsje. Fertel dat it giet om de ferkiezingstaksy en neam it opheladres en it adres fan it stimlokaal. It adres fan it stimlokaal fine jo op jo stimpas.
Fragen of mear ynformaasje
Slagget it oanfreegjen fia de webside net, hawwe jo fragen of wolle jo mear ynformaasje? Mear ynformaasje oer de ferkiezingen yn de gemeente Ljouwert fine jo op de side Ferkiezingen of op de webside fan de Kiesried. Foar oare ynformaasje of fragen nimme jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.