Falprevinsjeprogramma Ik Stean Sterk
It is wichtich dat jo jo feilich bewege kinne yn en om jo hûs. Binne jo 65 jier of âlder en wenje jo yn de gemeente Ljouwert? Meitsje dan gebrûk fan de fergeze falprevinsje groepstreningen.
Wêrom meidwaan oan de falprevinsje groepstrening?
Bliuw langer fit, selsstannich thús wenjen én genietsjen fan it libben mei de falprevinsjetrening. Troch mei te dwaan oan de trening:
- Kinne jo de deistige dingen langer dwaan bliuwe.
- Ferbetterje jo jo spierkrêft en lykwicht.
- Rinne en bewege jo mei mear selsbetrouwen.
- Leare jo nije minsken kennen.
Treningen
De treningen dy’t troch de gemeente fergoede wurde:
- Yn Balâns is in groepstrening foar ynwenners mei in leech of matich falrisiko. De trening duorret 3 moanne. It programma start mei in ynformaasjebyienkomst en 2 kursusbyienkomsten. Hjirnei wurdt der 10 wike lang, 2 kear wyks in oere traind.
- Otago is in training fan 3 moanne foar ynwenners mei in heech falrisiko. De training bestiet út lykwichtsoefeningen en in kuierskema. Der kin 1 of 2 kear wyks by de fysioterapeut traind wurde. De Otagodosint bepaalt, yn oerlis, oft der 1 of 2 kear wyks traind wurdt.
Dielname
Ut de gemeente wei fine wy it wichtich dat elke ynwenner fan 65 jier en âlder meidwaan kin oan de training. Dêrom kinne jo 1 kear fergees meidwaan oan in training. Dielname is foar de hiele trainingsperioade fan 3 moanne by Yn Balâns of by Otago.
Jo falrisiko mjitte
Wolle jo witte wat jo risiko is op fallen? Gean dan nei de webside Hoe sterk sta ik. Op dizze webside fan de Oerheid kinne jo online in oantal fragen beäntwurdzje. Jo krije fuortdaliks de útslach en it is folslein anonym. Jo kinne ek oan jo fysioterapeut freegje wat jo risiko op fallen is. Of miskien hawwe jo by de apoteek west om dit te bepraten. De apoteken yn ús gemeente kinne jo ek freegje oft jo jo risiko op fallen mjitte litte wolle.
Lokaasjes en oanmelde
De groepstreningen wurde oanbean troch in fysioterapeut by jo yn ’e buert. Binne jo ynteressearre yn in falprevinsje groepstrening? Nim dan kontakt op mei in dielnimmende fysioterapeut. Jo fine alle gegevens op de kaart dielnimmende fysioterapeut.