Tydlik Needfûns Enerzjy
Ynwenners mei in hege enerzjyrekkening en in leech ynkommen kinne in fergoeding oanfreegje by it Tydlik Needfûns Enerzjy. It Needfûns helpt jo om enerzjyskulden foar te kommen en is in stifting dy’t betelle wurdt troch ferskillende enerzjyleveransiers en de Ryksoerheid. Oanfreegje kin oant en mei 31 maart 2024 fia Needfûns Enerzjy.
Leech ynkommen, hege enerzjyrekkening?
It Needfûns sjocht nei hoe heech oft de rekkening foar gas, waarmte en elektrisiteit is. En nei it ynkommen fan de folwoeksen persoanen yn in húshâlden. As it ferskil te grut is, ferleget de enerzjyleveransier in diel fan de enerzjyrekkening foar 6 moannen.
Betingsten
- Jo húshâlden hat in ynkommen fan maksimaal 200% fan it sosjaal minimum. Dat betsjut dat it bruto-ynkommen per moanne leger is as €3.200,- (allinnichsteand) of €4.480,- (tegearrewenjend). Dat is mei 8% fakânsjejild.
- Jo húshâlden hat in enerzjykontrakt foar gas, stroom of stedswaarmte op namme fan in persoan út it húshâlden.
- De enerzjykosten fan jo enerzjyleveransier binne heger as 8% oant 10% fan it bruto ynkommen per moanne.
Mear ynformaasje?
Gean ienfâldich nei oft jo rjocht hawwe op tydlike stipe. Sjoch foar mear ynformaasje de website fan Needfûns Enerzjy.
Enerzjytaslach fan gemeente Ljouwert
Hawwe jo muoite mei it beteljen fan jo enerzjyrekkening? Miskien hawwe jo (ek) rjocht op de enerzjytaslach fan de gemeente. Gean nei de pagina Enerzjytaslach foar 2023 oanfreegje foar mear ynformaasje.