Feiligensbelied
It feiligensbelied (feiligensaginda) fan de gemeente Ljouwert wurdt foar in perioade fan fjouwer jier fêststeld en it útfieringsprogramma wurdt elke twa jier aktualisearre. Hjirby wurkje wy gear mei plysje, justysje, reklassearring, it Zorg- en Veiligheidshuis Fryslân, de Feiligensregio Fryslân, en in grut tal helpferlienende ynstânsjes en mei de ynwenners.
Beliedsplan Feiligens
Us plannen om oerlêst, kriminaliteit en geweld yn de gemeente Ljouwert oan te pakken, steane yn de feiligensaginda en it útfieringsprogramma 2023-2024. (iepenet yn in nij ljepblêd) De gemeente wurket gear mei oare maatskiplike organisaasjes om de wiken en doarpen feiliger te meitsjen, lykas it Veiligheidshuis Fryslân (iepenet yn in nij ljepblêd) en it Meldpunt Oerlêst. It Meldpunt Oerlêst registrearret meldingen oer sosjale oerlêst. Sy pakke de oerlêst oan yn ’e mande mei plysje en helpferlieners. Jo kinne sels jo melding trochjaan oan de gemeente.
Buertbemiddeling of mediation
Soms hawwe minsken net troch dat oaren (oer)lêst fan harren hawwe. Jo kinne sels mei-inoar yn petear gean; as jo der mei-inoar net útkomme, slagget dit mooglik wol mei help fan buertbemiddeling (iepenet yn in nij ljepblêd) of mediation.
Wykfeiligensyndeks
Alle jierren sjogge wy as gemeente oft ús oanpak wurket en stelle wy de saneamde wykfeiligensyndeks fêst. Yn dit oersicht kinne jo sjen hoe feilich oft jo buert, wyk of doarp is en hokker maatregels wy treffe om ûnfeilige situaasjes oan te pakken. Wolle jo dizze ûntfange? Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: